D' Ald Skoalle (Wier)
D' Ald Skoalle is it doarpshûs fan it Fryske doarp Wier, yn 'e gemeente De Waadhoeke (foarhinne Menameradiel). It gebou begûn syn bestean as legere skoalle, mar nei't de doarpsskoalle fan Wier sletten waard en de bern nei de buordoarpen Berltsum of Minnertsgea nei skoalle giene, krige it in nije funksje as doarpshûs.
d' Ald Skoalle | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Wier | |
adres | Lautawei 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | doarpshûs | |
boujier | 20e iuw |
Yn maaie 2017 waard d' Ald Skoalle sletten foar in yngeande ferbouwing om it gebou te modernisearjen. Oannimmers fan bûten wiene dêr net foar nedich, mei't it hiele projekt útfierd waard troch trije zzp'ers út Wier sels. Der kaam in nije yntree, in útbou mei in luif en in nije koken en fernijde húskes. Fierders waard it âlde gebou isolearre en dêrmei enerzjysunich makke.
Bysûnder wie dat fan 'e 206 ynwenners fan Wier 50 minsken as frijwilliger by de ferbouwing fan it doarpshûs belutsen wiene. Dêrtroch waarden de kosten relatyf leech holden en wie de úteinlike priis €395.000, persiis wat yn 't foar rûsd wie. Hoewol't de ferbouwing yn desimber 2017 al klear wie, fûn de feestlike weriepening fan d' Ald Skoalle pas op 1 juny 2018 plak. De iepeningsseremoanje, besteande út in seremoniële ûntbleating fan it nije nammeboerd fan it doarpshûs, waard ferrjochte troch Tom van Mourik, de âld-boargemaster fan Menameradiel, yn 'e mande mei de âldste en de alderjongste ynwenners fan Wier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|