Hobbe fan Baerdt Tsjerke
De Hobbe fan Baerdt Tsjerke is in tsjerke op De Jouwer yn de gemeente Skarsterlân. De tsjerke is neamd nei Hobbe fan Baerdt, grytman fan Haskerlân yn de perioade 1615-1650. Op de fronton boppe de yngongspoarte stiet De heer Gritman Hobbe van Baerdt 1644. Yn dat jier waard de troch him op 18 maart de earste stien lein foar it twabeukige (skip en sydbeuk) tsjerke as ferfanging fan in tsjerke út de 16e iuw. Oannimmer wie de 'biersteker' en timmerman Jeeyp Jeeyps foar de somma 23.000 karolusgûnen. Flak foar de bank is de grêfkelder fan de famylje Van Baerdt, dekt troch in grutte ûnfersierde stien.
Op ien fan de draachbalken stiet te lêzen: 'Ano 1644 Den 18 marty is by Grietman over Hasker Heer Hobbe van Baerdt geleyd Eerste steen van dese Kerck'. Yn de toer fan trije geledingen wie in riedkeamer en finzenis. De earste stien fan de Jouster Toer waard lein op 8 augustus 1628, sechtjin jier earder as de earste stien foar de tsjerke.
In grut diel fan de boukosten fan de tsjerke, sa’n 5.383 karolusgûnen, waard mar leafst troch 293 Jousters byelkoar brocht. Hobbe fan Baerdt hie dêryn mei 210 karolusgûnen in grut oandiel. In gefolch fan it mei elkoar beteljen wie dat, oars as in soad tsjerklike gemeentes yn de omkriten, de grutte, faak earne oars wenjende lânbesitters fan begjin ôf oan net folle te sizzen hiene yn de Jouster tsjerke. De Jouster mienskip betelle sels it ûnderhâld en de dûmny en berôp mei folle minder dominânsje fan de stimhawwende lâneigeners in nije predikant. Dochs hie Hobbe fan Baerdt grif in soad ynfloed. Sa stiet syn namme yn de balken boppe de yngongsdoar stiet syn namme (of neffens oare boarnen dy fan syn heit en foargonger Dirck) yn de tsjerkeklokken. Boppedat hie de famylje in eigen hearebank en in grêfkelder yn de tsjerke.[1]
De klokken yn de toer binne jitten troch de klokkejitters: Gregorius Hall (1603), Jacob Noteman (1636) en L. Haverkamp (1790). Yn 1953 waard troch Douwe Egberts in klokkespul mei 37 klokken skonken. It ynterieur wurdt dekt troch houten tonferwulften. It dûbele kapewurk rêst op 21 swiere pylders en ek binnen rêst it middengedielte op noch ris fiif pylders. Ta de ynventaris hearre in hearebank (1645) fan de famylje Fan Baerdt (yn 1779 nei famylje Van Eysinga) en in hearebank (1694) fan de famylje Vegelin fan Claerbergen en in preekstoel út de 17e iuw fan de sloopte Galileërtsjerke yn Ljouwert. It oarspronklike oargel wie makke troch Fan Dam út Ljouwert. It oargel út 1978 is makke troch Jürgen Ahrend út it Dútske Lier.
Yn 1939 waard de tsjerke troch brân ferwoaste. It gebou baarnde foar it grutste part út, allinnich de 80 sm. dikke muorren bleaunen stean, mar de toer koe behâlden bliuwe. De werbou duorre fanwege de Twadde Wrâldoarloch oant 1947.[2] De jongste restauraasje fan yn- en eksterieur wie yn de perioade 1995 - 2000. De weriepening wie op 12 novimber 2000.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|