Strjitten fan Jobbegea
De strjitten fan Jobbegea en de ferklearring fan de nammen:
- Aldeberkeaperwei – waard yn 1950 ferbettere. De huzen oan de westkant fan de wei steane yn Aldhoarne en hawwe even nûmers, de wenten oan de eastkant yn Jubbegea hawwe ûneven nûmers. De wei wurdt net neamd op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718; de wei dy’t tsjintwurdich "Siebe Annesweg" (ûnder Aldhoarne) hjit waard doe brûkt as 'Wech na Oldeberkoop'. Op de kaart fan Eekhof fan 1848 komt de wei (of in neistlizzende wei, dit is net dúdlik) foar as 'de Brugge-laan'. By de "Siebe Annesweg" stiet dan noch 'De Nieuwe weg naar Oldeberkoop'. De oan de famylje Willinge Prins tahearrende tol op dy wei waard ± 1930 troch de destiidske gemeente Skoatterlân ôfkocht.
- Alde Grinzerwei – Fan âlds Bûtenwei of Alde Grinzerwei neamd. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 komt de wei foar ûnder de namme 'Buyten Wech'; Destiids rûn de wei net dea mar sluet oan op de 'Wech na Donkerbroek' en wol justjes beëasten de tsjintwurdige Nijberkeaperwei (by de bocht yn de wei nei Donkerbroek). Op de kaart fan Eekhof fan 1848 waard it eastlik diel fan de Bûtenwei al oantsjutten as ferfallen.
- Alde Singel – Sûnt lang bekende singel, rinnende fan de knik yn de "Twadde Kompanjonswei" yn noard-eastlike rjochting lâns de grins fan Aldhoarne en Jobbegea mei Opsterlân oant de “Gordyksterwei”, en leit sadwaande yn Aldhoarne en Jobbegea. De wei waard yn 1955 ferhurde (yn 1928 waard hy al ferbettere). Stiet op de kaart fan Eekhof fan 1848 al oanjûn as "Het Singel".
- Auke Hartstrawei – nei Auke Hartstra (Jobbegea, 2 oktober 1864 – dêre 19 febrewaris 1959 ) wie mei-oprjochter en bestjoerslid fan it bûterfabryk yn Jobbegea, mei-oprjochter fan de ôfdieling Jobbegea fan de Nederlânske Feriening ta Ofskaffing fan alkohoalyske dranken. Earste sekretaris fan de ôfdieling Jobbegea fan de S.D.A.P. en jierrenlang earmmaster. Hartstra wie tusken 1903-1912 lid fan de ried fan de eardere gemeente Skoatterlân. De wyk dêr’t de wei troch rint stiet al oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718. Der sil doe nei alle gedachten in lange reed lâns lein hawwe.
- Belgyske Wyk - Rûn fan de Jogchem Alberdawei ôf súd-east oant de Leidyk. De wyk dêr’t de wei nei neamd is stiet al sûnder namme oanjûn op de kaart fan Eekhof fan 1848. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 komt de wyk noch net foar. De Skoatterlânske Kompanjonsfeart wie neffens dy kaart oanlein oant de 'Hooge Veenen', sawat oan de lettere "Job Holkemawyk" ta. Hoe’t de namme ûntstien is, is net bekend. Sjoch ek by Lúksemburch’’. De roman 'Volk zonder uren' fan Evert Zandstra spilet yn dizze omkriten.
- Blinereed (ferfallen) – rûn fan de Skoatterlânskewei, skean foar de "Brinkreed" oer dearinnend yn noardwestlike rjochting. De namme is ûntliend oan it dearinnen fan de reed. De reed stiet noch net op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 mar al (sûnder namme) op dy fan Eekhof fan 1848.
- Bloksreed – De fan âlds bekende reed waard yn 1951 ferhurde. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 komt de reed noch net foar, ek net op dy fan Eekhof fan 1848.
- Bokweetreed – Hjiroer rieden eartiids de weinen mei bokweet- in wichtich gewaaks yn dizze omkriten - nei de "Binne wech" (letter "Skoatterlânskewei") en dan nei de pleats of nei de merk op De Gordyk. De reed stiet noch net oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 mar wol (sûnder namme) op dy fan Eekhof fan 1848.
- Boskbeistrjitte – oanlein yn 1963. Leit yn in útwreidingsplan mei heide- en feangrûn-gewaaksen dy’t fan âlds yn Jobbegea foarkomme.
- Bosksingel (ferfallen) – fan it sânpaad foar de 3e Wyk oer, fan de Jelle van Damwei nei de gemeentlike wannelbosk. Yn 1970 is de singel omneamd ta "Welgelegen" in namme dy’t al fan âlds bekend wie.
- Boudewijn Leenheerstrjitte – oanlein yn 1954 en neamd nei fersetsman Boudewijn Dirk Leenheer. Boudewyn wie berne yn 1920 as soan fan it haad fan de iepenbiere legere skoalle 12 yn Jobbegea.
- Brombeistrjitte – Yn dit gebiet is keazen foar in namme fan plantesoarten dy’t foarkomme op de heide en skrale greiden.
- Bremsingel - De leanen en strjitten yn útwreidingsplan yn de súd-east hoeke tusken de "P.W. Janssenwei" en de "Jelle van Damweg" binne neamd nei heide- en feangrûngewaaksen dy’t fan âlds yn Jobbegea foarkomme. Yn dit gefal bremerheide.
- Brinkreed – Yn de 17e-iuwske stikkken komt de oer-Tsjongerske beneaming 'brink' foar mei in mei beammen beplante hiem of stik lân yn Jobbegea. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 stiet op dit plak sawat in stikje reed oanjûn. Mooglik is dat it earste stikje fan de tsjintwurdige "Brinkreed". Op de kaart fan Eekhof fan 1848 komt in wat langer stik fan de reed foar.
- Broersreed – is yn 1997 net mear te finen, en stiet ek noch net oanjûn op de kaart fan Eekhof út 1848. Hjir soe eartiids in Broer wenne hawwe.
- Brûnsreed (ferfallen ?) – stiet op de kaarten fan Schotanus/Halma fan 1718 en Eekhof fan 1848 noch net oanjûn. Yn 1997 is oan de Kromhoutsreed gjin sydpaad te finen, wol stiet der noch in peal mei in buordsje dêr’t de earste helte fan ferdwûn is.
- Buntgers– bjint wie in karakteristike plant yn dit gebiet.
- De Beage – nei in yn it fean en op buorkerijen brûkt stik ark; it ‘harnas’ oan de ein fan de line, dêr’t preammen en skippen mei foarút lutsen waarden. (op it jaachpaad).
- De Freding – as namme foar ôffreding/ôfskieding.
- De Hikke – as namme foar (draai)hikke.
- De Koer – Nei yn it fean brûkte mjitte foar turf (½ hl); ek mjitte foar jirpels (35 kg).
- De Kroade – nei it op de pleats brûkte ferfiermiddel.
- De Line – nei it helpmiddel om it (turf)skip te lûken. Ek brûkt by it ôfstekken fan in stik grûn (mei in line fan tou).
- De Strikel – nei it by it meanen brûkte houtsje om de Seine te skerpjen.
- De Tieme – nei de heasleper, in peal mei touwen om in “wurdze” hea op in bult te lûken.
- De Wurdze – is in rigel fan in pear sweeën hea dat byelkoar lutsen is.
- Ekke Dykstrawei – Ekke Dykstra (Boppeknipe, 31 oktober 1845 – Jobbegea, 19 augustus 1957 ) is in pedagooch en skoallehaad fan de iepenbiere legere skoalle dy’t doe oan de westside fan de ”Gordyksterwei” stie. As opfieder fan de bern hat er in soad dien om de bern foarút te helpen en syn help wie altyd pro-deo. Hy wie de earste foarsitter fan de yn 1900 oprjochte feriening fan Pleatslik Belang. De wei stiet net op de kaart fan Eekhof fan 1848.
- Ericaleane - De leanen en strjitten yn útwreidingsplan yn de súd-east hoeke tusken de "P.W. Janssenwei" en de "Jelle van Damweg" binne neamd nei heide- en feangrûngewaaksen dy’t fan âlds yn Jobbegea foarkomme.
- Ekspansjeleane – suggestje fan Pleatslik Belang nei oanlieding fan de yn de simmer fan 1977 holden tentoanstelling.
- Feanbeistrjitte - neamd nei wolgers of moark – is yn 1963 oanlein. De leanen en strjitten yn útwreidingsplan yn de súd-east hoeke tusken de "P.W. Janssenwei" en de "Jelle van Damweg" binne neamd nei heide- en feangrûngewaaksen dy’t fan âlds yn Jobbegea foarkomme. Yn dit gefal de feanbei.
- Warkrûd – It "Warkrûd" is (wie) in tekenjende heideplant yn dizze omkriten. De al besteande wegen yn itselde bestimmingsplan binne ek nei soksoarte planten neamd.
- Frederikswyk – de wyk en neistlizzende reed binne oanlein by de feanterij (18e iuw?). Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 is it gebiet, wêryn de Skoatterlânske Kompanjonsfeart doe noch net trochlutsen wie, oantsjutten as 'Hooge Veenen'. It wie in besteande namme, der sil grif in Frederik wenne hawwe oan dizze wyk. Dat wie of Frederik Durks Bergsma fan 13 desimber 1790 of syn pakesizzer Frederik Bergsma fan 13 septimber 1849.
- Gagelreed – nei it strewel gagel. Stiet net op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718; of de reed wol oanjûn is op de kaart fan Eekhof fan 1848 is net dúdlik.
- Gentiaansingel - De leanen en strjitten yn útwreidingsplan yn de súd-east hoeke tusken de "P.W. Janssenwei" en de "Jelle van Damweg" binne neamd nei heide- en feangrûngewaaksen dy’t fan âlds yn Jobbegea foarkomme. Yn dit gefal gentiaan.
- Gerdyksterwei – stiet noch net op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718, wol op dy fan Eekhof fan 1848- ûnder de beneaming 'Weg van de Gorredijk'. De wei wie eartiids blykber yn eigendom, ûnderhâld en behear by de gemeente Opsterlân; want op in steat fan wegen en fuotpaden (argyf Skoatterlân, nr. 331) komt de wei sûnder namme foar ûnder fermelding, dat it 'Dorp Gorredijk' ûnderhâldsplichtich is.
- Grienebeamsreed – Fan âlds bekende namme. Yn ien fan de jannewarisnûmers 1938 fan it Nieuwsblad van Friesland skreaun de hear A. Waterlander yn in artikel 'De oude dorpsdansmusicus' ien en oar oer de Griene Beam: De Griene Beam wie foarhinne in tige bekende boerepleats mei in soad lân, benammen heidefjilden en bou-ikkers. Dy hoeve waard yn 1856 troch de destiidske eigenaresse frou HommeScholte publyk ferkocht, wêrby’t de stikken lân yn mear as ien hân kamen, in ferdieling dy’t by lettere ferkeapen faker barde. Noch stiet op it âlde hiem in spultsje mei de namme Griene Beam. By de ferkeaping yn 1856 waarden it houtgewaaks, de stambeammen en in ikkermielshout ôfsûnderlik ferkocht. Keaper fan de nammejouwende beam waard Sietse Jelsma fan Koartsweagen. Jierrenlang waard de stamme brûkt as rospeal foar it fee. Jonge famkes lieten har út de woartel-dielen en breidskie, jonge manlju in piipútpluzer snije. De oerlevering wol mar perfoarst dat it gjin hulst west hat, omdat de blêden dêrfan stikels hawwe dy’t net oan de Griene beam sieten, al binne der yn tunen ek hulstbeammen sûnder stikels. Op de kaart fan Eekhof (1848) stiet de reed net oanjûn.
- Hindrik de Voswei – nei Hindrik Harmens de Vos (Jobbegea, 28 april 1868 – It Hearrenfean, 19 desimber 1950 ) dy’t fan 1909-1934 riedslid fan de eardere gemeente Skoatterlân wie en yn 1939 riedslid fan It Hearrenfean. Boppedat hat er yn in soad oare funksjes, meastentiids as foarsitter, it gemeentebelang tsjinne. Sa wie hy jierrenlang amtner fan de boargerlike stân. Yn it gebiet by dizze wei wie De Vos as bakker in fertoud man. Yn 1718 wie de skoatterlânske Kompanjonsfeart al oan de tsjintwurdige “Hindrik de Voswei" trochlutsen en stienen der al in pear huzen oan. Nei alle gedachten sil doe ek in paad lâns de feart - 'de twee gemene roeden'- makke wêze, teminsten at oer de wiken al planken lein wienen.
- Hommedraai – der sil eartiids in Homme oan wenne hawwe. De namme is al âld.
- Hulstreed – De hulst komt yn dit gebiet noch in soad foar.
- Hussekamp – Yn 1985 is keazen foar in namme mei histoaryske eftergrûn. Hussekamp betsjutte in grins tusken heech en leech wetter, stie winterdeis foar in part ûnder wetter.
- It Harspit – Neamd nei it ark harspit dat ek yn it fean brûkt waard om de seine en oar ark te bewurkjen.
- It Swee – nei it meande gers of de fuorge.
- Jelle van Damwei - Eartiids "Meester Bij de Leij-weg" neamd nei Jelle van der Dam (berne yn Jobbegea, 24 juny 1876 ) wie 33 jier foarsitter fan Pleatslik Belang fan Jobbegea en Hoarnstersweach. Hy wie ponghâlder fan de yn 1928/29 oprjochte 'Commissie voor de opbouw van Oost-Schoterland' en ponghâlder fan de Lânarbeidersstifting (1928/29) Fan dy tiid ôf wie hy ek foarsitter fan de wenningstifting 'East-Skoatterlân'. Fan de 'Buerthûskommisje' hat er lang foarsitter west. Ek wie Van Dam ponghâlder fan de ambachtsskoalle yn Jobbegea. Hy sette him by alle gelegenheden yn om de ‘Easthoeke’ foarút te helpen. Hy waard yn 1950 keninklik ûnderskieden.
- Job Holkemawyk – Der sil in Job Holkema oan dizze wyk wenne hawwe.
- Jogchem Alberdawei – waard yn 1953 oanlein troch ferbreding en ferhurding fan in reed en it derwei heljen fan barten. Jogchem Alberda (Duerswâld, 6 april 1885 ) wie 38 jier siktaris fan de feriening foar Pleatslik Belang foar Jobbegea en Hoarnstersweach en aktyf lid fan de yn 1928 oprjochte ‘Kommisje foar de opbou fan East-Skoaterlân'. Sûnt 1928/29 wie Alberda siktaris fan de 'Lânarbeidersstifting yn de gemeente Skoatterlân en fan de wenningstifting 'East-Skoatterlân'; fan 1929 tot 1952 siktaris fan de 'Buerthûskommisje'; mear as 20 jierren siktaris fan de ambachtsskoalle yn Jobbegea en in lange rige jierren siktaris fan de Boerelienbank yn Jobbegea. Hy waard yn 1885 beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.
- Jonkerspaad – Nije namme, nei it yn de 17e iuw foarkommende Jonkersgat (of Jonkersfeart). Dy jonker hearde grif ta it geslacht Dekema, dat in feart grave liet fan Koartsweagen nei Skoatterlân. Dat is in oare famylje Dekema as dy fan de Dekema’s dy’t diel útmakken fan de Skoatterlânske kompanjons.
- Jobbegeasterkompenije – It gebiet krige de namme 'Kompanjy' of 'Kompenije' trochdat de feanen ûntgûn waarden troch de hearen Kompanjons (van Dekema, Cuijck en Foeyts en letter oaren). Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 stiet by it ferfeante gebiet yn Aldhoarne fermelden 'Compagnys Veenen'.
- Kamperfoelje - groeit in soad yn de omkriten fan Jobbegea.
- Klaas Molwei – Klaas Mol (Boalsert, 2 febrewaris 1866 – Jobbegea, 23 desimber 1934) wie jierrenlang evangelist fan de Nederlânsk-herfoarme gemeente fan Jobbegea oan de Feart. Hy wie de earste foarsitter fan de kommisje ta warren fan skoalfersom foar Jobbegea en Hoarnstersweach. Hy hie dêrmei yn de earste jierren fan de Leerplichtwet, seker gjin ienfâldige taak. Ek wie hy inkele jierren riedslid fan de eardere gemeente Skoatterlân, yn de ried fertsjintwurdige hy de Christelijk Historische Unie (1923 - 1929).
- Koalboskwyk – komt (sûnder namme) al foar op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
- Koopmanswyk – in lang besteande namme dy’t noch net op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 stiet, likemin as it diel fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart dêr’t de wyk op út kaam. Nei alle gedachten wenne oan de wyk earder in Koopmans.
- Koartewyksreed – stiet sûnder beneaming oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
- Krabber – namme is ûntliend oan de feanterij. In krabber is in soarte harke dêr’t de ôfmjitting fan de turf mei ynskrast waard yn de feanlaach, om dêrnei lâns de lyntsjes útstutsen te wurden.
- Kroezewyk – Oan de wyk sil earder in Kroeze wenne hawwe. De wyk stiet sûnder namme oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
- Kromhoutsreed – in lang besteande namme dy’t ferwize sil nei in Kromhout dy’t oan de wyk wenne hat.
- Leidyk – herinnert oan de yn de Midsiuwen troch de Jobbegeaster boeren ûnderholden dyk, dy’t de lannen beskermje moast tsjin it soere feanwetter, dat fan de noardliker lizzende heechfeanen ôfrûn, benammen yn wiete riten. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 is de kronkeljende Leidyk tekene, ûngefear fan de grins Aldhoarne/Jobbegea oant foarby de grins mei Eaststellingwerf by in punt mei de namme 'Wite Bult'.
- Loete – waard brûkt yn de feanterij. In loete is in stik ark, besteande út in stâle mei in breed izeren foarstik om mei te skeppen of te skraabjen.
- Lúksemburch - Rûn eartiids as in kronkeljende reed fan de "P.W.Janssenwei" yn eastlike rjochting; is yn 1969/1970 rjochttroch lutsen en ferhurde. Neffens oerlevering soe yn de 19e iuw, doe't de Block fan Scheltinga boargemaster fan Skoatterlân wie, it liberalisme en konservatisme ûnbestriden wêze yn de ried. Doe ûntstie yn guon rjochts oriïntearden it langstme harren ynfloed by riedsferkiezings yn te setten. Sa slagge it yn dy dagen Sietse Schaap om ta riedslid keazen te wurden (riedslid 1876-1891). Dy soe yn de ried foar it earst de namme Lúksemburch as plaknammeoantsjutting brûkt hawwwe, faaks yn ferbân mei de al gongbere namme "Belgje". Dat sloech oan by it Jubbegeaster publyk fan dy tiid en de namme "Lúksemburch" is yn dizze omkriten sûnttiid bewarre bleaun..
- Nijedraaiswyk – De wyk wurdt al neamd op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
- Nijberkeaperwei – De wei fan asfaltbeton waard oanlein yn 1933/34. Yn 1850 stiet in sekere Roelof Egberts Duursma as ûnderhâldsplichtige neamd (argyf Skoatterlân 100-331). Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 stiet de wei net, wol op dy fan Eekhof fan 1848 (ûnder de namme 'Weg naar Makkinga').
- Ottewyk – ferfallen dyk dy’t fan de Leidyk nei de Jogchem Alberdewei rûn hawwe moat. Oan de wei sil eartiids in Otte wenne hawwe.
- Peperswyk – Wie in besteande namme dy’t mooglik ferwiist nei in bewenner dy’t Peper hiet.
- Popmawyk – Komt al foar op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 (sûnder namme). Wie in besteande namme. Der soe in Popma oan de wyk wenne hawwe kind.
- Prysterreed – Dizze ferfallen reed rûn fan de Skoatterlânskewei yn súdlike rjochting nei de Alde Grinzerwei. Yn de 17e iuw kaam hjir de namme 'Papelân' foar, blykber lân fan de tsjerke en noch âlder fan de 'paap' of pryster. It wurd paap hie eartiids net sa’t lytsachtsjende betsjutting, sa’t dy yn net-roomske fermiddens wol brûkt wurdt. Dêrom is foar de namme Prysterreed keazen. In stik fan de reed stiet al (sûnder namme) oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718.
- P.W. Janssen-wei – Peter Wilhelm Janssen waard yn 1821 op it Dútske eilân Wangereach berne en stoar 82-jier âld op 4 novimber 1903, yn Amsterdam. Wie direkteur fan de Deli-maatskippij en in bekend filantroop, dy’t in soad ûntginning fan grûnen en stifting fan boerespultsjes dien hat, ûnder mear yn it eardere Skoatterlân.
- Rozenbergswyk – Nei alle gedachten hat der eartiids in Rozenberg oan dizze wyk wenne.
- Skoalwei – Yn 1957 neamd nei oanlizzende skoallen.
- Skoatterlânskewei - Fan de "Marktweg" yn Aldskoat (It Hearrenfean-Súd) yn eastlike rjochting nei Donkerbroek oant de grins mei Eaststellingwerf rinnend. Yn 1949 waard de wei omneamd yn Jobbegeasterwei mar yn 1957 krige it wer namme Skoatterlânskewei. De wei rint fan It Hearrenfean – mei in fytstunnel ûnder de A 32 troch - oer Aldskoat, Mildaam, Ketlik, Nijhoarne, Aldhoarne, Jobbegea en Hoarnstersweach.
- Siemen Brinksmawei - Siemen Brinksma (Jobbegea, 10 desimber 1882 – dêre, 15 april 1955) wie fan 1927-1934 lid fan de ried fan de eartiidse gemeente Skoatterlân, dêr’t hy de 'ûnôfhinklike partij' (de C.P.N. tige neisteande) yn fertsjintwurdige. Hy koe goed sprekke en wie in fûl ferdigener fan de belangen fan de arbeidzjende befolking; foar in ferbrûkskoöperaasje hat er him tige ynset. Hy wie bestjoerslid fan Pleatslik Belang.
- Singel – waard yn 1906 ferhurde en yn 1951 ferbettere. Komt ûnder de namme 'Het Singel' foar op de kaart fan Eekhof fan 1848.
- Sinnedaustrjitte - De leanen en strjitten yn útwreidingsplan yn de súd-east hoeke tusken de "P.W. Janssenwei" en de "Jelle van Damweg" binne neamd nei heide- en feangrûngewaaksen dy’t fan âlds yn Jobbegea foarkomme.
- Swanenburchreed – rint fan de Skoatterlânskewei rjochting de Leidyk. Der sil easrtiids in Swanenburch oan dizze reed wenne hawwe.
- Sjoerd Scheperswei – Der sil grif in Sjoerd Schepers oan dizze wei wenne ha, dy’t eartiids trochrûn oant de leidyk.
- Slûsdykje – neamd nei de Tredde Slûs.
- Stekker – stik ark om turf te stekken, past by "Loete" en "Krabber".
- Suurdreed – Hans Suurd ( De Wylp, 29 novimber 1980 – Jobbegea, 21 maart 1948) wenne oan dizze reed. Tusken 1934-1941 wie hy riedslid op It Hearrenfean en wie ek lid fan it bestjoer fan de gemeentlike ynstelling foar maatskiplik helpbetoan. In gedeelte fan de reed stiet sûnder namme op de kaart van Eekhof fan 1848.
- Tsjerkeleane – Al op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 wurdt de tsjerke (ûnder Skuorregea) al oanjûn. Dy wie neffens trije stiennen yn de westgevel (dêrfan ien mei wapens Van Scheltinga) yn 1715 boud. Doe sil grif ek de Tsjerkeleane oanlein wêze. Op de kaart fan Eekhof fan 1848 hjit dy leane 'Dijk-Weg'
- Tsjongerfallei – in wei yn it ruilferkavelingsgebiet leit yn Ketlik, Aldhoarne, Jobbegea en Hoarnstersweach. Krige de namme trochdat hy troch de Tsjongerfallei rint
- Túnpaad – rint tusken twa folkstunen troch en lâns de efterside fan de boarterstún.
- Welgelegen – Yn 1961 waard it paad “Bosksingel" neamd. De namme waard yn 1971 omneamd yn Welgelegen, de namme dy’t it yn de folksmûle al hie.
- Wolfsklau – Altyd griene, meastentiids krûpende planten mei opinoar steande nuddel- of skobfoarmige blêden.
- Wollegersstrjitte – De yn 1963 oanleine wei is neamd nei wolgers of moark. De leanen en strjitten yn útwreidingsplan yn de súd-east hoeke tusken de "P.W. Janssenwei" en de "Jelle van Damweg" binne neamd nei heide- en feangrûngewaaksen dy’t fan âlds yn Jobbegea foarkomme.
- Wolter Jagerswyk – Der hat eartiids grif in Wolter Jager oan dizze wyk wenne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |