Jobbegea-Skuorregea

(Trochferwiisd fan Skuorregea)

Jobbegea-Skuorregea is in buorskip yn de gemeente It Hearrenfean. Jobbegea-Skuorregea leit yn de himrik fan Jobbegea. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 leit Jobbegea oan de "Binne Wech" en Skuorregea oan de "Buijten Wech". Hy leit tusken Aldhoarne en Hoarnstersweach. Nei de Twadde Wrâldoarloch krige Jobbegea troch de oanlis fan in ferhurde wei bylâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart in rjochtstreekse ferbining mei It Hearrenfean.

Jobbegea Skuorregea

Tredde Slûs en Skuorregea

bewurkje seksje
 
Tsjerke fan Skuorregea

Earder bestie Jobbegea út Jobbegea Tredde Slûs en Jobbegea-Skuorregea. No is der noch mar ien Jobbegea, it leit no tusken de doarpen Aldhoarne en Hoarnstersweach yn de easthoeke fan de gemeente.
De folksmûle brûkt noch faak de âlde oantsjuttings. Sa wurdt mei Jobbegea 3e Slûs it tichtst beboude gedielte fan it doarp yn de omkriten fan de eardere tredde slûs fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart bedoeld. De 3e slûs is yn 1774 boud.

Jobbega-Skuorregea wie it dûbeldoarp oan de Skoatterlânskewei. It wie earst in boerestreekdoarp. Yn de 17e en 18e iuw waard dit gebiet ferfeante en ûntstie de min ofte-mear beruchte namme: Kompenije. Benammen de libbensomstannichheden fan de bewenners oan de wiken en dan fral yn de omkriten fan de Belgyske Wyk wienen ferskuorrende min.

Jobbegea 3e slûs groeide yn de rin fan de tiid út ta in behoarlik sintrum mei in iepenbiere en in kristlike basisskoalle, in Nederlânsk Herfoarme tsjerke en in ferskaat oan winkels. Healwei de feart en de Skoatterlânskewei lizze in swimbad en sportfjilden.

Untwikkeling

bewurkje seksje

Fan betsjutting foar dizze streek ha west:

  • Buerthûs, tichtby Belgyske Wyk. Stifte yn 1930 mei as doel om troch kursussen en it hâlden fan lêzingen it lege libbenspeil te ferheegjen;
  • Koperative Suvelfabryk, oprjochte yn 1903, wêrtroch de lytse boeren it better krije koenen;
  • Ambachtsskoalle, boud yn 1933 en yn 1967 wer sluten. Der wienen opliedingen ta timmerman, mitselder en skilder.

It tsjerkje yn Skuorregea is yn 1713 boud as ferfanger fan ien út 1580. De Stifting Alde Fryske Tsjerken is yn 1972 eigener wurden. Yn de njoggentiger jierren fan de foarrige iuw wie der in yngeande restauraasje.

De yn 1942 troch de Dútsers foardere klok yn de Nederlânsk Herfoarme tsjerke wie fan 1722.

Iepenbier ferfier

bewurkje seksje

Folksdichter Geart Japiks van den Berg is berne yn Skuorregea (2 desimber 1886).

  It Hearrenfean  
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
  ·   ·