Strjitten yn Nijhoarne

Wikimedia-list

De Strjitten yn Nijhoarne:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • 8e Wyk - Fan de "Earste Kompanjonswei" by de Sing-sang brêge nei de Skoatterlânskewei. De wei is yn 1969 ferhurde.
  • Boskpaad - Leit diels yn Bontebok en diels yn Nijhoarne. Rint lâns boskjes en strewellen en einige eartiids yn de greiden. By de ruilferkaveling is it paad trochlutsen as fytspaad oer de eardere 4e Wyk.
  • Boukamp – Hjir lei earder in heechlizzend stik lân, dat meast as boulân brûkt waard.
  • Brink – plein oan de eastside fan de Molewei. In brink is in –faak beplante- pleintsje yn in doarp.
  • Brinkwei – ferbynt De Brink mei de Bûtewei.
  • Bûtewei – rint bylâns de Skoatterlânskewei. It betreft hjir de saneamde Earste Bûtewei en waard by riedsbeslút fan 15 septimber 1958 "Nieuwehornster Buitenweg" neamd, letter omneamd ta Bûtewei. It yn Aldhoarne lizzende stik fan dizze wei hjit ek Bûtewei.
  • De Bakker - Fan de "Skoatterlânskewei" (tusken "De Elzen" en "De Winkelman"). De namme is ûntliend oan middenstanners dy’t op it doarp harren bedriuw hienen.
  • De Elzen - Ferbiningswei tusken de "Skoatterlânskewei" en de “Bûtewei" oan de westkant fan it doarp.
  • De Kastlein - De namme is ûntliend oan middenstanners dy’t op it doarp harren bedriuw hienen
  • De Pontsjer – yn útwreidingsplan fanôf "De Stringen" yn súdlike rjochting. Keazen is foar in namme út de hynder-en-wein sfear. In pontsjer is in bynstôk dêr’t earder it hea op de weinen mei fêstlutsen waard.
  • De Sile – Yn útwreidingsplan Nijhoarne, rinnend fan de "Stjerrekamp" yn eastlike rjochting nei "It Tiksel". Keazen is foar in namme út de hynder-en-wein sfear. In sile is in dwershout of swingel oan in wein, wêr’t de lûkstringen fan it hynder oan fêstlizze.
  • De Stringen - Keazen is foar in namme út de hynder-en-wein sfear. De stringen binne de touwen oan de sile, wêrmei’t it hynder de wein lûkt.
  • De Winkelman – fan de Skoatterlânskewei nei it suden rinnend. De namme is ûntliend oan middenstanners dy’t op it doarp harren bedriuw hienen.
  • Flaaiel – yn bestimmingsplan “‘t Boskpaad”, fan de Skoatterlânskewei de “Stelle”. Keazen is foar boere-ark dat eartiids by de rispinge brûkt waard.
  • Fûgelgreide – wei dy’t de Houtwâlen" ferbynt mei de Tsjongerfallei.
  • Hoarne – ferbynt de Keallekamp mei de "Brink". Hoarne betsjut herne of hoeke, de wei foarmet in hoeke mei de Keallekamp.
  • Houtleane – fan de Skoatterlânskewei nei de “W.A. Nijenhuiswei” ûnder Ketlik en dêr oergeand yn de "Hogeveenswei" ûnder Bontebok. De âlde namme Houtleane stiet al op de kaart fan Schotanus fan mar sûnder namme. Oannimlik is dat de leane brûkt waard far de ôffier fan kaphout. De wei leit op de grins fan Nijhoarne en Ketlik. De huzen oan de westkant falle ûnder Ketlik, dy oan de eastkant ûnder Nijhoarne.
  • Houtwâlen – yn it ruilferkavelingsgebiet tusken de Bûtewei ûnder Nijhoarne en de Skoatterlânskewei ûnder Ketlik, oanlein yn 1970. Der binne in soad houtwâlen oan dizze wei.
  • Hulstkamp – parkje oan de Bûtewei, east fan de Pastorijleane. In stripe oan de Bûtewei waard eartiids brûkt as feeberging. Door de opsmiten grûn út de sleatten ûntstienen saneamde regen. Hjir waard faak hulst op plante as ekstra feekearing.
  • It Tiksel – Keazen is foar in namme út de hynder-en-wein sfear. It tiksel is de boom tusken it hynder en de wein.
  • Keallekamp - De wei rint troch in stik lân dat de Keallekamp neamd waard en dat troch de oanlis fan de wei sa goed as ferdwûn is.
  • Molewei – ferbynt de Skoatterlânskewei en Bûtewei lâns De Brink. De wei stie foar 1958 bekend as de 'Reed van Betten'. Wêr’t de mole krekt stien hat is net rjocht dúdlik. Op de kaart fan Skoatterlân fan Schotanus/Halma fan 1718 stiet de 'Nijehornster Rogmolen' oan de Bûtewei (by de Brinkwei ?). Neffens D. Kornelis soe dizze stien moatten hawwe op in stik lân fan him yn hier by Rinse Hoekstra, dat de Molekamp neamd wurdt. Yn 1707 wurdt dizze mole foar it earst yn it kohier neamd. Hy wurdt dan ferkocht met zeil, huis en schuur c.a., bomen en plantage, met twee campen land', aan Ide Jaspers voor 1600 Carolus Guldens. Yn 1736 is Tjeerd Jolles Rogmoolner. Yn it kohier fan 1799 wurdt hy noch neamd, mar net mear yn 1805. De hear O.J. Dijksma skriuwt nammers Pleatslik Belang (1958) : Neffens âlde keapbrieven moat de Nijhoarnester roggemole ek oan de Bûtewei stien hawwe. It stik lân is eigendom fan H. Jansma en wurdt troch âlde ynwenners fan Nijhoarne ek noch altyd mei Molekamp oantsjutten. It hûs wurdt ek molehûs neamd (jiertal hûs 1757). Dizze wente dy’t eartiids yn de boppegevel in doar hie en wêrfan de souders swiere balken hienen, is ek as nôtpakhûs brûkt. Fierders wurdt yn âlde keapbrieven de no ûntgûne bosk Molebosk neamd.
  • Nijhoarnesterwei - It gedielte fan de eardere en no wer Skoatterlânskewei yn Nijhoarne waard by beslút yn 1958 Nijhoarnesterwei neamd, mar krige in pear moanne letter de âlde namme werom.
  • Nijhoarnester Bûtewei – De 'Earste Bûtewei’ waard yn 1959 omneamd yn Bûtewei.
  • Pastorijeleane – fan de Skoatterlânskewei nei de Bûtewei rinnend. Waard yn de folksmûle wol de Tsjerkeleane neamd.
  • ’’Skoatterlânskewei - Fan de "Marktweg" yn Aldskoat (It Hearrenfean-Súd) yn eastlike rjochting nei Donkerbroek oant de grins mei Eaststellingwerf rinnend. Yn 1949 waard de wei omneamd yn Jobbegeasterwei mar yn 1957 krige it de namme Skoaterlânskewei werom. De wei rint fan It Hearrenfean – mei in fytstunnel ûnder de A 32 troch - oer Aldskoat, Mildaam, Ketlik, Nijhoarne, Aldhoarne, Jobbegea en Hoarnstersweach.
  • Seine – yn bestimmingsplan “‘t Boskpaad”, fan de “Sichte” nei de “Flaaiel” rinnend. Keazen is foar âld-arknammen dy’t eartiids yn de rispinge brûkt waarden.
  • Sichte – Yn bestimmingsplan “‘t Boskpaad”, fan de “Stelle” nei de “Flaaiel” rinnend. Keazen is foar âld-arknammen dy’t eartiids yn de rispinge brûkt waarden.
  • Stelle – yn bestimmingsplan “‘t Boskpaad”, fan de “Skoatterlânskewei” yn noard-westlike rjochting dearinnend foar autoferkear mar mei oanslutings op it fytspaad mei de namme “Boskpaad”. De yn dit gebiet net folle foarkommende pleatsen wurde oantsjutten as “Stelle”, reden wêrom’t dizze namme foar de haadwei yn dit bestimmingsplan keazen is. De oare nammen binne neamd nei âld boere-ark dat by de rispinge brûkt waard.
  • Stjerrekamp – fan de Skoatterlânskewei yn súdlike rjochting rinnend lâns it sportfjld nei de "Boukamp". Neamd nei in fan âlds yn de omkriten bekende namme foar in persiel ten suden fan en oan de Bûtewei.
  • Sydwei – fan Skoatterlânskewei nei it Boskpaad.
  • Tsjongerfallei - wei yn it ruilferkavelingsgebiet leit yn Ketlik, Aldhoarne, Jobbegea en Hoarnstersweach. Krige de namme trochdat hy troch de Tsjongerfallei rint.
  • Trekfûgel – fytspaad tusken de "Tsjongerfallei" en de "Houtwâlen" east fan de Fûgelgreide. Yn it gebiet by it fytspaad binne in soad trekfûgels te sjen.
  • Wine - Yn bestimmingplan “‘t Boskpaad”, tusken de 'Flaaiel' en de 'Seine'. Keazen is foar âld-arknammen dy’t eartiids by de rispinge brûkt waarden. In wine is in mole om nôt skjin te meitsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: