In redger wie in pleatslike bestjoerder yn de Nederlânske provinsje Grinslân, benammen yn Hunsingo en Fivelgo, dy't oant 1795 as plattelânsrjochter en notaris optrede. It wurd is ôflaat fan it Aldfryske rêdjeva, rêdgeva of rêdia, dat 'riedsjouwer' (latyn: consul) betsjut. [1] Yn 'e midsiuwen foarmen de redgers mei-inoar it lânsbestjoer; harren funksje wie dan ek ferlykber mei de riedsleden of froedskippen yn de stêden. Yn it Westerkertier waard praat fan grytmannen.

Oarspronklik waarden de redgers of rjochters út de rûnte fan grûnbesitters keazen. De redger wie oanspraaklik foar it oardiel dat er útspriek en de útfiering dêrfan, sadat er oer genôch besittingen en relaasjes beskikke moast. Op syn minst sûnt de fjirtjinde iuw wie it amt foarbehâlden oan de eigeners fan in beheind tal gruttere pleatsen of eale heerden, dy't al langer it rjocht hiene mei te dwaan oan it lânsbestjoer. It gebiet dêr't de redger yn operearre (de rjochtstoel) wie ferparte yn ferdield wie yn ommegongen. Gruttere rjochtstuollen hiene in ûnderferdieling yn eden, dy't elts in hânfol omgongen befetten. It amt fan rjochter waard om bar waarnommen tusken de ommegongen en binnen eltse ôfsûnderlike eed, sadat in edele heerd soms mar ienris yn tsientallen jierren oan bar kaam. Dat rûlaasjesysteem wie fêstlein yn klauboeken.
Om risiko's te sprieden en harren ynfloed grutter te meitsjen, besochten grutgrûnbesitters faak yn mear as ien ommegongen aktyf te wêzen. De rjochthawwers hiene boppedat in finansjeel belang by har amt, omdat hja dêr ynkomsten út krigen. It besit fan eale heerden leveren de eigeners boppedat politike ynfloed en in stim yn wettersteatssaken en tsjerklike beneamingen. Om reden dêrfan waarden nochal wat eale heerden opkocht troch de aadlike famyljes, dy t dêrtroch faak de mearderheid fan stimmen binnen de rjochtstoel, it wetterskipsûnderdiel of de tsjerklike kollaasje krigen. As ien eigner alle eale heerden besiet, kaam it rûlaasjesysteem ta stilstân: in steande rjochtstoel.

Om it amt besette te kinnen, moasten de eigeners genôch juridyske kennis hawwe. Yn de 17e en 18e iuw skeakele men dêrom faak juristen yn, dy 't konstituearre rjochters neamd waarden. Skeel tusken rjochtstuollen en proseduerekwestjes waarden behannele troch lank- of hege rjochters.

Ferlykbere regelingen bestiene yn de midsiuwen ek yn Fryslân en East-Fryslân, mar dêr makken se yn de 16e iuw plak foar in mear unifoarm systeem, dat fan boppen ôf regulearre wie.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Lêzing fan Redmer Alma: De betekenis van de Ommelander Jonkers in de Middeleeuwen te Winsum (1996)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: