Westernieland

(Trochferwiisd fan Westernijlân)

Westernieland (Grinslânsk: Westernijland/'t Nijland) is in lyts doarp yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân. It doarp hat sa'n 215 ynwenners.

Westernieland
Westernijland/'t Nijland
Tsjerke fan Westernieland mei de skeane toer
Tsjerke fan Westernieland mei de skeane toer
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
Sifers
Ynwennertal 215[1]
Oerflak 0,33 km²
Befolkingsticht. 652 ynw. /km²
Oar
Postkoade 9969
Netnûmer 0595
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 24' NB, 6° 29' EL
Pastorij 'De Weem'
Pastorij 'De Weem'
Offisjele webside
www.westernielandweb.nl
Kaart
Westernieland (Grinslân)
Westernieland

Westernieland leit tusken de doarpen Piterbuorren en Den Andel oan 'e ein fan it Westernielandstermaar, dy't dêr oant 1520 oer de Hiddingesyl en de Oude Riet yn 'e see útmûne. It doarp ûntstie op in kwelderwâl, dy't om 1350 hinne bedike waard. Nei de Krystfloed waard op oardel kilometer noardlik fan Westernieland in nije seedyk oanlein. Yn 1811 waard noardlik dêrfan de Noardpolder oanlein en yn 'e 1940-er jierren ûntstie westlik dêrfan de Linthorst Homanpolder. It noardlik part fan Westernieland wurdt Kaakhorn neamd.

Yn 1447 wurdt Westernieland ("westlik lizzend nij lân") foar it earst neamd. Mooglik wie dêr al in doarp mei de namme Marijebuorren (Mariaburen) op it plak fan Westernieland of tichteby. Om 1200 hinne ûntstie in kwelderwâl dy't fan Wierhuizen oer Piterbuorren en Westernieland oant in kwelderwâl by Den Andel rûn. Mooglik warrd de kwelderwâl doe al bewenne. Yn 'e 1960-er jierren waard oan 'e súdkant fan it doarp, op 'e hûsterp fan 'e pleats Rixtumaheerd, ûnder in laach skulpen oerbliuwsels fan minsklike bewenning, mooglik út dy snuorje, fûn. Nei 1200 ûntstie in tiidrek fan trânsgresje. Om 1300 hinne waard op de kwelderwâl in dyk tusken Wierhuizen en Piterbuorren oanlein. Om 1350 hinne waard dy dyk trochlutsen nei Warffum ta. Yn dy dyk waard de Hiddingesyl oanlein, dêr't de noardlike earm fan de Hunze by bedike waard. Dy krite waard bekend as Nova Terra Sancti Petri, it "nije lân fan Piterbuorren", int Nyeland by Petersbueren al gau ôfkoarte ta inden nyenlande of Nylant.[2]. Ta ûnderskaat fan it doarp Nylant by Roodeschool, it hjoeddeistige Oosternieland, waard dus al gau fan Westernieland sprutsen.

By de Alderheljenfloed fan 1570 en by de Sint-Martensfloed fan 1686 brutsen de diken troch. By de lêste ferdronken yn it doarp 60 minsken, 221 kij en 29 hynders en 38 huzen rekken ferneatige. De stimste floed wie de Krystfloed fan 1717 doe't 78 minsken, 66 hynders, 219 kij, 21 bargen en 747 skiep ferdronken en fan de 50 huzen 35 fan ferneatige waarden en 11 wiene net mear te bewenjen. Dêr bleaune noch mar fjouwer huzen yn it doarp oer. Troch dy floeden ûntstien in fjouwertal kolken by it hjoeddeistige Kaakhorn. De dyk waard dêrnei yn 1718 in oardel kilometer noardliker oanlein en it doarp waard dêrnei oan 'e eastkant fan de tsjerke weropboud, dy't sûnt doe oan 'e râne fan it doarp stiet. Troch de nije dyk bleau it doarp foar nije oerstreamings bewarre. Justjes beëasten it doarp is noch in stik fan de âlde seedyk oanwêzich. It oerbliuwsel is eigendom fan it Groninger Landschap.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

De tsjerke fan Westernieland waard yn de 13e iuw boud. Yn de pastorij njonken de tsjerke (de Weem) waard yn 1944 kabaretier Freek de Jonge berne. It doarp leit oan de ein fan it Westernielandstermaar.

It doarp Oosternieland (Easternijlân) leit súdlik fan Roodeschool.

Berne yn Westernieland

bewurkje seksje
  • Wierenga, A. (2005), Herinneringen aan Westernieland. Tynaarlo: Vos-Wierenga. 125 s.
  • Hulscher, H. [red.] (2003), Westernieland, geschiedenis van kerk & dorp. Warffum: Sikkema. 74 s.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Westernieland fan Wikimedia Commons.
  It Hegelân  
Doarpen:
AdorpDen AndelBafloBedumEenrumEppenhuizenHornhuizenHouwerzijlKantensKleine HuisjesKloosterburenLauwerseachLiensMensingeweerRiichNiekerkNoardwâldeAldesylOnderdendamEasteinOosternielandPiterbuorrenRaskwertRoodeschoolRottumSaaxumhuizenSâltkampSauwerdStartenhuizen (foar in part)StitswertSúdwâldeTinallingeUithuizenUithuizermeedenUitwierdeUlrumUskwertVierhuizenWarffumWarfhuzenWehe-den HoornWesterdijkshornWesternielandWetsingeWinsumZandeweerZuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen2e Nijhoezen't Aagt't Lage van de Weg't Houweel't Stort't WildeveldAbbeweerAldedykAlinghuizenArwerdBarnegatenBellingeweerBethlehemBeusumBokumBreedeBroekDe DingenDe HoogteDe HornDe HouwDe RakenDe StreekDe VennenDen HanderDen HaverDeikumDoodstilDouwenDuisterwinkelEelswerdElensEllerhuizenErnstheemEwerFalomFlydoarpGriissleatGroot MaarslagDe HaarHammelandHarssensHefswalHekkumHelwerdHeuvelderijHiddingezijlHolwindeIemshavenKaakhornKatershornKattenburgKleiKlein GarnwerdKlein MaarslagKolhamKoningslaagteKoningsoordDe KnijpKruiswegLienstertillenLutje MarneLutje SaaksumLutjewolde (foar in part)MaarhuizenMenkeweerMenneweerMidhalmNijenkloosterNoordpolderNoardpoldersylObergumOldenzijlOldorpOnderwierumOosterhornOosterhuizen (Eenrum)Oosterhuizen (Súdwâlde)OudeschipPaapstilPanserPlattenburgPolen (foar in part)RanumReidlandRoodehaanSchapehalsSchaphalsterzijlSchilligehamSkouwenSkouwersylSint AnnerhuisjesTakkebosTer LaanTijumValcumWaadwertWalsweerWesterhorn (De Marne)WesterhornWesterkloosterWestpolderWierhuizenWierumWillemsstreekZevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het BultjeDe HuchtMidhuizen
Wetter:
BroekstermaarDeltheGrutte TsjarytHoornse VaartHouwersylsterfeartHulpkanaal om ObergumHunzegoakanaalKoksmaarKromme RakenOude DiepjeRyddjipStitswerdermaar
  ·   ·