Skouwen (It Hegelân)
Skouwen (Nederlânsk en offisjeel: Schouwen) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn it noarden fan de provinsje Grinslân. It leit oan de wei fan Roodehaan nei Skouwersyl en bestiet út in twatal pleatsen op in wierde oan de noardouwer fan it Ryddjip yn de yndike Skousterpolder.
Skouwen Schouwen | ||
Pleats (1910) en húske by Skouwen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 100 (2008) | |
Oerflak | 0,14 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 19' 48" NB, 6° 26' 22" EL |
De iene pleats is fan 1910 en hat in moai foarhûs en in omgrêfte moai oanleine tún (oansluten by de stifting 'It Túnpaad Op'). Foar de oprit oer stiet noch in húske. De pleats oan de oare kant fan de wei lei oant begjin 19e iuw tichter by de wei, mar waard nei in brân fierder fan de wei ôf werboud yn 1836. Skean foar dy pleats oer stiet noch in húske, wêrefter begjin 20e iuw noch twa letter sloopte húskes stienen.
Skouwen komt fan Schuwum en betsjut plak fan skowen (oersette), ek brûkt foar in fuotfear of in skipstype skou.
Noardlik fan it buorskip leit de Kromme Raken (ek Skouwersylsterryd of Skouwersyldjip neamd). Ut Skouwen wei rûn eartiids in tsjerkepaad nei Warfhuzen oer de eastersingel fan de ôfbrutsen Gaykingaboarch.