Paapstil
Paapstil is in buorskip yn de gemeente It Hegelân yn it noarden fan de Grinslân.
It wurdt sjoen as diel fan it doarp Aldesyl, mar leit der feitlik los fan; it leit sa'n 500 meter eastliker. De namme fan it buorskip ferwiist nei de tille oer it Meedstermaar. Dy tille waard yn 1878 ferfongen troch in Draaibrêge en - mooglk yn de jierren 1930 - troch de hjoeddeiske tille. By it brechje soe in katolyk, in paap wenne hawwe dy't yn de tiid fan de reformaasje syn leauwe trou bleau. Winliken is it in skelnamme.
Op it plak fan de buorskip lei eartiids mooglik de 'Oldenzijl' (âlde syl), dêr't Oldenzijl nei neamd is. Dit wurdt fermoede omdat silen faak ferfongen waarden troch tillen as de syl syn funksje ferlear.