Heuvelderij
Heuvelderij (gemeente It Hegelân) is in buorskip fan in stikmannich huzen benoarden Roodeschool. De buorskip is tegearre mei it westliker Valom it noardlikste plak op it fêstelân fan Nederlân. De Y-koördinaat fan Heuvelderij is 607,3 km.
De namme Heuvelderij komt fan de famylje Heuvel dy't dêr wenne hat. De namme hat neat te krijen mei it Nederlânske heuvel.
Rij stiet foar in rige huzen.
Op de gemeentekaart fan 1867 hat it plak de namme Mosselderij.