Lienstertillen is de namme foar in streekje súdlik fan it Grinslanner doarp Liens. De namme ferwiist nei twa tillen (ophelbrêgen) dy't hjir flak by elkoar lizze; ien oer it Hunzegoakanaal en ien oer de Houwersylster Ryd. De ophelbrêge oer it Hunzegoakanaal waard yn 1861 ferfongen troch in ophelbrêge (neffens de Kuyperkaart lei der yn 1868 lykwols in klap) en letter troch in fêste brêge. De oare tille waard letter ek ferfongen troch in fêste brêge. It gebiet wurdt skaaimerke troch twa stikken boskgebiet, dêr't de dyk fan Suerdyk nei Liens trochhinne rint.

Lienstertille oer it Hunzegoakanaal mei op de foargrûn de rolpeal

Eartiids wie it in drok plak mei ûnder oare in houtseagerij, seachmole (de Wynhûn út 1828), oaljemole, molkfabryk en in kwekerij. Ten suden fan it Hunzegoakanaal stie it pleatske 'Quatrebras', dat ek brûkt waard as kafee en trochreed (hynstestalplak). Tsjintwurdich leit der in oanlissteiger foar jachten, in natuerkampeerterrein en is de rest bedekt mei in relatyf jong leafbosk, dat earder 'Joadebosk' neamd waard. Bylâns it Hunzegoakanaal rûn in jaachpaad, wêrfan ten westen fan de brêge nei Liens noch in rolpeal oer is.

De bosk is tsjintwurdich eigendom fan Steatsboskbehear. Troch de bosk rint in skulpepaad, dat it Houwersylsterryd oerstekt by de Peppelbarte (in hoogholtje).

It Hegelân
Doarpen:
AdorpDen AndelBafloBedumEenrumEppenhuizenHornhuizenHouwerzijlKantensKleine HuisjesKloosterburenLauwerseachLiensMensingeweerRiichNiekerkNoardwâldeAldesylOnderdendamEasteinOosternielandPiterbuorrenRaskwertRoodeschoolRottumSaaxumhuizenSâltkampSauwerdStartenhuizen (foar in part)StitswertSúdwâldeTinallingeUithuizenUithuizermeedenUitwierdeUlrumUskwertVierhuizenWarffumWarfhuzenWehe-den HoornWesterdijkshornWesternielandWetsingeWinsumZandeweerZuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen2e Nijhoezen't Aagt't Lage van de Weg't Houweel't Stort't WildeveldAbbeweerAldedykAlinghuizenArwerdBarnegatenBellingeweerBethlehemBeusumBokumBreedeBroekDe DingenDe HoogteDe HornDe HouwDe RakenDe StreekDe VennenDen HanderDen HaverDeikumDoodstilDouwenDuisterwinkelEelswerdElensEllerhuizenErnstheemEwerFalomFlydoarpGriissleatGroot MaarslagDe HaarHammelandHarssensHefswalHekkumHelwerdHeuvelderijHiddingezijlHolwindeIemshavenKaakhornKatershornKattenburgKleiKlein GarnwerdKlein MaarslagKolhamKoningslaagteKoningsoordDe KnijpKruiswegLienstertillenLutje MarneLutje SaaksumLutjewolde (foar in part)MaarhuizenMenkeweerMenneweerMidhalmNijenkloosterNoordpolderNoardpoldersylObergumOldenzijlOldorpOnderwierumOosterhornOosterhuizen (Eenrum)Oosterhuizen (Súdwâlde)OudeschipPaapstilPanserPlattenburgPolen (foar in part)RanumReidlandRoodehaanSchapehalsSchaphalsterzijlSchilligehamSkouwenSkouwersylSint AnnerhuisjesTakkebosTer LaanTijumValcumWaadwertWalsweerWesterhorn (De Marne)WesterhornWesterkloosterWestpolderWierhuizenWierumWillemsstreekZevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het BultjeDe HuchtMidhuizen
Wetter:
BroekstermaarDeltheGrutte TsjarytHoornse VaartHouwersylsterfeartHulpkanaal om ObergumHunzegoakanaalKoksmaarKromme RakenOude DiepjeRyddjipStitswerdermaar
· · Berjocht bewurkje