Midhalm
Midhalm (ek wol Midhallum) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn Grinslân. It leit besuden Fjouwerhuzen. Súdlik lizze de wierden Oosterhalm en Panser, eastlik de wierde Beusum en westlik de Panserpolder.
Midhalm bestiet út twa pleatsen, dy't beide Midhalm hiete. Beide pleatsen steane oan de súdeastside fan in ôfgroeven wierde dy't datearre wurdt op it begjin fan de jiertelling.