Kleine Huisjes
Kleine Huisjes (Grinslânsk: Lutje Hoeskes) is in plak yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn Grinslân. Kleine Huisjes hat goed 100 ynwenners (2014).
It doarpke, likernôch oardel kilometer benoardeasten fan Kleasterbuorren, is yn de 19e iuw ûntstien. De húskes waarden bewenne fan boerearbeiders dy't harren wurk hienen yn de doe oanleine (kwelder)polders, de Bokumerpolder, de Ikemapolder en de Negenboerenpolder, allegearre benoarden it doarp.
De by de polders hearrende pleatsen binne: Oud Bokum, Nieuw Bokum, Ikema en Feddemaheerd.