In draaibrêge is in beweechbere brêge dy't iepen en ticht giet troch te draaien om in fertikale as. It weidek fan 'e brêge bliuwt hjirby op gelikense hichte, mar makket in kwartdraai fansiden as de brêge iepen en ticht giet. Dêrom moatte de lânhaden en de beide úteinen fan it ryddek fan 'e brêge sels, dy't op 'e lânhaden oanslute as de brêge ticht is, in rûnige foarm hawwe; oars soe ommers by it draaien de brêge fêstrinne fanwegen de útstekkende hoeken. Foar't de brêge iependraaid wurde kin, wurdt er losmakke troch de fizels dêr't de brêge op rêst, de saneamde "opsetynrjochting", omleech te bewegen. Yn tichte tastân wurdt de brêge troch dizze fizels beskoattele.

In draaibrêge kin bestean út twa earms (of brêgedielen) fan gelikense lingte, sadat twa trochfeartiepenings ûntsteane as de brêge iepengiet, oan wjerskanten fan 'e draaipylder ien. As ien trochfeartgat genôch is, sil in ûngelykearmige draaibrêge oanlein wurde. Dan moat, om op it meganyk in gelikense belêsting te krijen, oan 'e draaiynrjochting in kontragewicht tafoege wurde oan 'e tsjinstelde kant as wêr't de brêge deroan fêstsit.

In draaibrêge hat as foardiel dat der in wide trochfeart ûntstiet sûnder beperking yn de trochfeart- en trochrydhichte, wylst de brêge dochs flot iepen en ticht dien wurde kin. Draaibrêgen binne ûnder oaren yn:

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Swing bridges