Rensumaboarch
De Rensumaboarch is in boarch yn Uithuizermeeden. It bouwurk wurdt foar it earst om 1500 hinne neamd. Yn 1695 kaam de boarch yn it besit fan de famylje Alberda van Menkema. Yn 1710 waard de boarch ferboud en krige it syn hjoeddeiske oansjen.
Nei ekonomyske tsjinspoed waard de boarch yn 1829 by opbod ferkocht en ferlear it syn funksje as wenhûs. Lange tiid is de boarch brûkt as túnbouskoalle. Yn 1996 is de boarch kocht troch de Rensuma Boon Stichting en is it lângoed yn âlde steat werom brocht. De boarch hat in 17e, 18e en 19e iuwsk ynterieur.
De boarch is net te besichtigjen, mar it terrein is wol tagonklik foar publyk.
-
De boarch op de kaart fan Theodorus Beckeringh (1781)