Benediktustsjerke (Damwâld)
De Benediktustsjerke is in oarsproniklik romaanske tsjerke yn Damwâld. Damwâld telt tsjintwurdich twa oarspronklik romaanse tsjerken, de Benediktustsjerke yn it eardere Dantumawâld en de Bonifatiustsjerke yn it eardere Moarrewâld. De romaanske tsjerke fan Ikkerwâld waard yn 1849 ôfbrutsen om ferfongen te wurden troch in neoklassisistyske nijbou. De trije doarpen waarden yn 1971 gearfoege ta it hjoeddeiske Damwâld.
Benediktustsjerke | ||
bouwurk | ||
De tsjerke fanút it súdwesten (2022) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Damwâld (Dantumawâld) | |
adres | Doniawei 76 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 12e iuw-13e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 11681 [1] | |
offisjele webside | ||
Side Benediktustsjerke |
Bouskiednis
bewurkje seksjeDe Benediktustsjerke waard op de ein fan de 12e iuw boud fan dowestien. De toer waard der yn de 13e iuw foar setten. Yn de rin fan de tiid binne der in soad grutte feroarings komd, wêrtroch't it romaanske karakter fan de tsjerke diels ferlern gien is. Oan de súdkant fan de tsjerke is noch oarspronklik romaansk muorrewurk te sjen. De toer, mei sealtek, wie oarspronklik ynpannich, mar kaam, nei in ferlytsing fan it skip, wer bûten de tsjerke te stean. It koer is fan 1775. By in restauraasje yn de jierren 1960 waard de pleisterlaach fan de tsjerke ferwidere.
De tsjerke is erkend as in ryksmonumint.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn de tsjerke sitte fjouwer skildere kartûsjes út 1599 mei sitaten út de bibel. Dizze skilderingen binne unyk en waarden skonken troch de út Jever kommende predikant Thomas Johannes Jeverensis.[2] Dizze predikant wie yn 1597 út East-Fryslân wei nei Dantumawâld komd en gie yn 1606 nei Gruttegast.[3]
De preekstoel yn it koer is ryk fersierd en datearret út de tiid doe't in grut diel fan de tsjerke fernijd waard. Nei alle gedachten is it fykwurk oan de preekstoel en it foar de preekstoel steande doophek ôfkomstich fan Yge Rintjes út Ljouwert, dy't ek it fykwurk foar it yn deselde tiid boude oargel levere. De Benediktustsjerke besit twa grutte roubuorden út 1794 en 1824. De klok mei in diameter fan 116 sintimeter waard yn 1786 troch L. Haverkamp getten. It oerwurk yn de toer is mechanysk en datearret fan it earste fearn fan de 20e iuw.[4] Yn de tsjerke lizze noch twa âlde sarken fan foar de reformaasje.
Oargel
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in oargel dat boud is troch Albertus Antoni Hinsz. It ienmanualige ynstrumint waard yn de jierren 1776-1777 boud en is noch foar it grutste part orizjineel. it rokokofront waard makke troch C. Eisma, wylst it fykwurk levere waard troch Yge Rintjes. Yn it earste part fan 2017 fierde Bakker & Timmenga út Ljouwert in renovaasje út.[5]
Gemeente
bewurkje seksjeDe tsjerke makket diel út fan de herfoarme gemeente fan Dantumawâld, dy't oansletten is by de lanlike PKN. De tsjerke makket gjin diel út fan it gearwurkingsferbân PKN Damwâld. De oare tsjerkegebouwen fan de PKN yn Damwâld binne:
- De Ikker, Ikkerwâld
- De Ontmoeting, Moarrewâld
- Bonifatiustsjerke, Moarrewâld
Keppeling om utens
bewurkje seksjeDisposysje mei lûdsfragminten fan it oargel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
*Karstkarel, Peter - Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589 |