Herfoarme tsjerke (Midwolda)

De Herfoarme tsjerke fan Midwolda yn 'e provinsje Grinslân is in protestantsk tsjerkegebou út 1738.

Herfoarme tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Midwolda
adres Haadstrjitte 168
koördinaten 53° 11' N 7° 0' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Jehannes Baptist
Arsjitektuer
boujier 1738
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 29921
Webside
PKN Midwolda
Kaart
Herfoarme tsjerke (Grinslân)
Herfoarme tsjerke

De ienfâldige hjoeddeiske tsjerke ferfong in monumintale, sechtich meter lange romaanske tsjerke út likernôch 1200. Dy tsjerke hie oarspronklik mar leafst fjouwer tuorren, in dwersskip, in koer en sydskippen. Tsjintwurdich betinkt allinne de namme fan de pleats 'Ol Kerke' it plak dêr't de romaanske tsjerke ea stien hat. De yn 1738 ôfbrutsen tsjerke soe de grutste tsjerke fan 'e hiele provinsje Grinslân west ha.

Skiednis hjoeddeisk gebou

bewurkje seksje

De toer waard al yn 1708 boud, wylst de tsjerke pas yn 1738 foltôge waard. De nijbou waard fral mooglik troch Johan Hora, de bewenner fan de Ennemaboach. As oantinken oan 'e fjouwer tuorren fan 'e romaanske tsjerke krige de nijbou op it dak fjouwer pinakeltsjes. De fjouwer earnen op de wynwizers fan de pinakeltsjes ferwize nei Grins, dy't de patronaatsrjochten fan 'e tsjerke besiet. Oars as de âlde tsjerke krige de nijbou in plak by de doarpskearn.

De tsjerke waard yn 2014 oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken, mar wurdt noch wol troch de PKN brûkt foar tsjerketsjinsten.

 
Hinsz-oargel

De ynrjochting fan 'e tsjerke is 18e-iuwsk. De preekstoel is fersierd mei fykwurk en der binne twa hearebanken mei it wapen fan Hora Siccama

De tsjerke hat in monumintaal piipoargel út 1772. It waard troch de oargelmakker Albertus Antoni Hinsz boud. In pakesizzer fan Johan Hora, Johan Hora Siccama, makke de bou fan it oargel mooglik. It ynstrumint, it grutste doarpsoargel fan Noard-Nederlân, besit 33 registers ferdield oer twa manualen en in frij pedaal. It piipwurk is noch hielendal oarspronklik. Yn 'e jierren 1990 joech oargelmakkerij Van der Putten en B. Veger it oargel de klank fan Hinsz werom.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: