Martinytsjerke (Boalsert)
De Martinytsjerke is in goatysk tsjerkegebou fan de Protestnatske Gemeente op de Aldehou-terp yn it sintrum fan Boalsert. De tsjerke is in trijeskippich tsjerkegebou mei in ynboude foarse sealtektoer fan fiif lidden. De tsjerke wurdt in pseudobasilyk neamd om't der gjin ruten boppe de sydskippen yn it middenskip sitte. By in basilyk is soks al it gefal.
Martinytsjerke | ||
De Martinytsjerke yn 2014 | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest Fryslân | |
plak | Boalsert | |
koördinaten | 53° 04' N 5° 32' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Protestantske gemeente Boalsert | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1446-1466 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 9812 | |
Webside | ||
Martinytsjerke, Boalsert | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOm 800 hinne wurdt der in houten tsjerke boud op it plak fan de hjoeddeistige Martinytsjerke op de terp Aldehou, ien fan de trije terpen dêr't Boalsert op boud waard. Oan 'e ein fan de 11e iuw waard dêr, neffens argeologysk ûndersyk, in romaansk ienskippich mei dowestiennen tsjerkegebou mei toer en in rûn sletten skip boud. Om 1250 hinne waard dêr in toer oan 'e westkant oanboud mei de Sint-Martenstien yn de gevel (hjoed-de-dei is er yn de muorre fan de súdsydskip lofts fan de yngong).
Yn 1327 waard de Martinytsjerke fan Boalsert in dekenaatstsjerke en de memmetsjerke yn Westergoa. Om deselde tiid hinne yn de 14e iuw waarden der twa traveeën en in koer oan 'e eastkant byboud. Ut dyselde tiid komt in ier 14e iuwsk yn in read sânstiennen reliëf mei in foarstelling fan Marije en de hillige Marten op in hynder.
Yn de 15e iuw waard, fan 1446 oant 1466, de tsjerke fernijd en útwreide. Yn 'e earste fiernsjier fan de 15e iuw waarden de earste trije lidden fan de hjoeddeistige toer al boud. Mei de tsjerke waard mei de útwreiding oan it westlike part fan it skip úteinset. Om 1450 hinne kaam de kape dêroerhinne ree. Yn deselde snuorje waarden de yngongsportalen oan 'e noard- en súdkant boud. Yn 1459 waard de tsjerke troch de doetiidske biskop van Utert, David fan Boergonje wijd. Yn 1461 kamen de eastlike traveeën mei de grutte letgoatyske koer mei pylders ree. Ta einbeslút kaam yn 1466 mei it tafoegjen fan de sakristy oan de noardkant de útwreiding ree. Yn 'e tredde fearnsjier fan de 15e iuw waarden de heechste twa lidden oan 'e toer boud. De sealtek kmt mooglik fan net earder as de 17e iuw. De klokken fan de toer binne yn 1320 getten troch Stefanus en yn 1533 troch Goebel Zael.
Om 1500 waarden de ferwulftskilderings yn de Marijekapel oanbrocht. Fierders yn de 16e iuw waarden de muorreskildering oan de noardkant fan de koer en letter in memoarjeskildering fan Wytske fan Heerma oanbrocht. Yn 1580 ferniele Spaanske soldaten de ynventaris fan de tsjerke.
By in restauraasje yn 1908/1909 waard de noardlike yngongsportaal sloopt. Fan 1955 oant 1958 waard de tsjerke restaurearre en yn 1987 en 1988 fannijs dêr't de fûneminten fan it middenskip en de sydskippen by weropboud en steviger makke waarden.
Beskriuwing
bewurkje seksjeYn de tsjerke binne yn de noardsydskip skilderings bewarre bleaun út de twadde helte fan de 15e iuw. It giet om ferskate bibelske foarstellings, wêrûnder de berte fan Kristus (sjoch: ôfbyld). Yn de tsjerke steane koerbanken, dy't foar in part út de Broeretsjerke fan Boalsert komme en foar in part út de Martinytsjerke sels. De banken binne fersierd mei goatysk fykwurk (sjoch ôfbyld). Ek de preekstoel hat in soad houtfykwurk; de fjouwer panielen byldzje de fjouwer seizoenen út. De preekstoel, makke yn 1662, wurdt om samar te sizzen droegen troch twa earnen en in ingel. It doopfont hearde net oarspronklik yn de Martinytsjerke, mar komt út De Kúnder. De froedskipsbank is fan 1722. Under de grêfsarken falle op de yn 1620 troch Hans Schuuneman makke portretsark foar Godschalk fan Heerma en dy syn twadde frou Sits fan Cammingh op en de renêssânsesarken makke troch Benedictis Gerbrandts.[1]
Mei troch it bekende Hinsz-oargel en de goede akoestyk wurdt it gebou faak brûkt troch organisten en koaren foar útfierings. Jierliks wurdt de Mattheuspassion útfierd troch de Boalserter Oratoariumferiening en it Snitser Kantatekoar, eartiids mei it Frysk Orkest. It Hinsz-oargel (1781) wurdt dan ek brûkt; foar de koarpraktyk is der in koaroargel. Ek wurde der kantatemiddeis hâlden mei as hichtepunt de gearsang foar de krystdagen. It oargel, mei 42 registers en 3186, pipen is boud troch de oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz en waard yn 1781 ynwijd. It oargel waard yn letter jierren fierder útwreide en yn 2002 restaurearre.
Jierliks wurdt ek it Nasjonaal Oargelymprovisaasjekonkoers hâlden en yn de simmer binne der oargelkonserten mei gastorganisten en kantororganist. Yn oktober is der in feestkonsert ta gelegenheid fan de útrikking fan Gysbert Japicxpriis en de Joast Halbertsmapriis. Oant ein santiger jierren troch it Frysk Orkest en de boalserter Oaratoariumferiening. Lieding hjirby hie kantororganist Adriaan Houtman (Schiedam, 1924), dy't yn 1967 Gezinus Schrik opfolge. Houtman wie learaar muzyk en konrektor oan de ryksskoallemienskip Magister Alvinus yn Snits.
De toer hat fjouwer liedklokken, ien foar manlju (út 1640), froulju (út 1533), jonges (út 1688) en famkes (út 1955).[2]
-
Ynterieur Martinytsjerke (mei Hinszoargel) (2010)
-
Houtfykwurk koerbank (Mozes slacht wetter út de rots) (2010)
-
Detail fan de preekstoel (2010)
-
Ynterieur Martinytsjerke (2010)
-
Skildering berte fan Kristus (2010)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|