Broeretsjerke (Boalsert)

De Broeretsjerke is in trijeskippige pseudobasilikale goatyske tsjerkegebou yn de Fryske stêd Boalsert. It bouwurk is in ryksmonumint.

Broeretsjerke
De Broeretsjerke yn 2014
De Broeretsjerke yn 2014
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Boalsert
koördinaten 53° 04' N 5° 32' E
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 9807
Kaart
Broeretsjerke (Boalsert)
Broeretsjerke
It ynterieur fan de Broeretsjerke (2014)
Dizze side giet oer it tsjerkegebou yn Boalsert. Foar oare betsjuttings, sjoch: Broeretsjerke (betsjuttingsside).

De tsjerke waard yn de 13e iuw boud as kleastertsjerke fan de troch de yn 1270 Minderbruorren stifte kleaster. Mei de bou fan de tsjerke waard mooglik yn 1281 úteinset en waard yn twa opienfolgjende fazen boud dy't mooglik oant yn 1313 trochrûn.

De tsjerke baarnde yn 1503 ôf en rekke yn 1580 fannijs skeind. It kleaster waard yn 1580 ferlitten en ôfbrutsen en de tsjerke kaam yn hannen fan de protestanten. De tsjerke waard yn 1663 en 1779 weropboud en yn 1906/1907 wie der in restauraasje fan de tsjerke nei plannen fan Ed Cuypers en útfierd troch J. Wesseling.

De trijeskippige tsjerke sûnder toer is in ruïne troch in brân dy't barde op 8 maaie 1980. Yn 1986 waard de tsjerke iepensteld. It âldste gebou fan Boalsert krige yn 2006 in glêzen oerkaping nei ûntwerp fan arsjitekt Jelle de Jong.

It gebou hat in ryk útfierde westgevel mei omheechgeande bôchfriezen en hat binnendoar bakstiennen pylders mei listkapitelen. Yn 1635 boude de Grinzer oargelbouwer Anthonie Verbeek in oargel yn de Broeretsjerke, dy't dêr oant 1869 yn stien hat. Dat jiers waard er nei de Boalserter Martinytsjerke oerpleatst, dêr't it piipwurk foar it grutste part ferlern by gien is. Yn 1967 ferhuze de oargelkas nei de Grinzer Martinytsjerke en yn 1992 waarden de oerbliuwsels as transeptoargel yn de Der Aa-tsjerke yn Grins pleatst. It stiet bekend as de "Boalsertoargel".

De tsjerke hat oant 1970 tsjinne as tsjerke foar de herfoarme gemeente.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] - Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders.(2000) ISBN 90-400-9476-4
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Broeretsjerke, Boalsert fan Wikimedia Commons.