Martinytsjerke (Grins)

(Trochferwiisd fan Martinitsjerke (Grins))

De Martinytsjerke is de âldste tsjerke fan 'e stêd Grins. Tsjerke en toer binne ferneamd nei Marten fan Tours (316-397), patroanhillige fan it bisdom Utert dêr't de stêd Grins eartiids in hiel skoft ûnder foel. De hjoeddeiske Martinytsjerke is in halletsjerke, dy't fral út 'e fyftjinde iuw stamt. Yn it koarte skoft dat it earste bisdom Grins (1559-1594) bestie, die de Martinytsjerke tsjinst as katedraal.

Martinytsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Grins
adres Martinytsjerkhôf 3
koördinaten 53° 13' N 6° 34' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boujier 1482
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18555 (tsjerke); 18553 (toer)
Webside
PKN Grins
Kaart
Martinytsjerke (Grins-Binnenstêd)
Martinytsjerke

Ut argeologysk ûndersyk hat bliken dien dat op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke yn alle gefallen twa, faaks trije, eardere tsjerken stien ha. Lange tiid waard tocht dat de Walburgtsjerke de âldste Grinzer tsjerke wie, mar ûndersyk fan noch net sa lang lyn wiisde út dat de Walburgtsjerke nei alle gedachten jonger wie en yn it begjin fan de tolfte iuw boud waard.

De âldste Sint-Martentsjerke wie in houten bouwurk út likernôch 800. Dy tsjerke wie oan de râne fan in grêffjild boud, dat nei alle gedachten al út de tiid foar it kerstenjen stamme. Op it plak fan dy earste tsjerke binne ek houtspoaren fûn, dy't in oanwiziging lykje te wêzen dat op it plak ek al foar de bou fan in earste tsjerke wat stien hat. Oft dat bouwurk, oan 'e râne fan it grêffjild, in religieuze funksje hie, is ûnbekend.

Tsjintwurdich wurdt oannommen dat dy earste houten tsjerke yn 'e iere tsiende iuw ferfongen waard troch in tsjerke fan dowestien. Neffens de oerlevering soe de earste tsjerke om 810 of 836 hinne ferneatige wêze troch ynfallende wytsings, dy't dêrnei troch in twadde houten tsjerke ferfongen is. Dy twadde houten tsjerke hat lykwols gjin spoaren efterlitten. It plonderjen fan 'e stêd wurdt beskreaun yn 'e Vita Walfrida, in 12- of 13-iuwske beskriuwing oer de hillige Walfryd.

Skutspatroan

bewurkje seksje
 
Moderne foarstelling fan Sint Martinus, patroanhillige fan de tsjerke, skildere troch Egbert Modderman

Fan 'e dowestiennen tsjerke is de fundearring werom fûn. It is de fraach oft dy tsjerke al oan Martinus wijd wie. In oare mooglikheid is dat de tsjerke wijd wie oan de hillige Otger. Fan dy net sa bekende hillige is in fresko oanwêzich yn 'e hjoeddeiske tsjerke, tegearre mei Martinus, Jehannes de Doper en in fjirde ûnbekende hillige. Yn 'de midsiuwen foel de wichtichste merke fan de stêd op 10 septimber, de nammedei fan Otger.

Hoewol't oannommen wurdt dat de hjoeddeiske namme gearhinget mei it bisdom Utert, is dat niet folslein mei wissens te sizzen. Martinus wie foar de Franken ien fan de meast fereare hilligen. Sjoen de stiftingsdatum fan de earste, houten tsjerke, sa om 800 hinne, kin de namme likegoed nei de Franken ferwize, dy't oan it ein fan 'e achtste iuw Fryslân eastlik fan de Lauwers en it gebiet fan de Saksen oan harren ryk tafoege hiene.

Bouskiednis fan de hjoeddeiske tsjerke

bewurkje seksje

Yn 'e earste helte fan de 13e iuw waard yn stee fan 'e dowestiennen tsjerke in romanogoatyske krúsbasilyk boud. Dy earste nije Martinytsjerke wurdt ôfbylde op it âldste bewarre stedssegel út 1245. Dy tsjerke hie in heech middenskip mei twa legere sydskippen. It dwersskip hie deselde hichte as it middenskip. It fjouwerkante koer waard oan de eastlike kant ôfsletten mei in apsis. Oan 'e eastlike kant fan 'e twa transepten waarden foar losse alters lytsere absiden oanboud. Westlik fan it bouwurk stie in oarspronklik frijsteande toer, dy't letter ynboud waard.

Fyftjinde iuw

bewurkje seksje
 
It koer

Oan it begjin fan 'e 15e iuw fûn der in grutte ferbouwing oan de tsjerke plak. Der waard útein set mei in koeromgong. It wie dêrby nedich dat de absiden oan it transept ôfbrutsen waarden. Dêrnei waard in nij, heger koer boud, alles yn 'e styl fan 'e gotyk. Oan it skip fan 'e tsjerke feroare ynearsten neat.

Nei de foltôging fan it koer waard in begjin makke mei it útwreidzjen fan it skip mei in traveeyn westlike rjochting. Dêrby waard net de hichte oanholden fan it nije koer mar fan it besteande skip. De besteande sydskippen waarden ferhege ta de hichte fan it middenskip, sadat de halletsjerke ûntstie. Dwers op it skip waarden fjouwer puntdakken set, dy't in stik leger binne dan it hege koer mar wat foarm oanbelanget oansletten by it dwersskip dat itselde bleau. Troch de útwreiding nei it westen ta kaam de besteande toer yn 'e tsjerke te stean, itjinge net sa slagge wie want yn 1468 stoartte de toer yn, wêrby ek it tsjerkeskip skeind rekke.

 
Alde sitewaasje mei de parallele dakken (foar de restauraasje tusken 1971-1975).

Brek oan ûnderhâld en skea troch stoarm laten yn 'e rin fan de tiid ta de ûnbetrouberens fan 'e dwerskappen op 'e tsjerke. It stedsbestjoer hie nei it belis fan Bommen Bearend gjin jild genôch om 'e dakken wer op te meitsjen en dêrom waarden de fiif dwerskappen fan it skip ferfongen troch trije parallele dakken, dy't de tsjerke it oansjen fan in sealtsjerke joegen.

Restauraasje

bewurkje seksje

Dat soarge op 'en doer foar nije swierrichheden, want troch de druk fansiden fan de nije dakken kamen de sydmuorren fan it skip op guon plakken oant 52 sintimeter út it lead te stean. Dêrnjonken wiene de goaten tusken de dakken dreech te ûnderhâlden. Tusken 1971 en 1975 waarden dêrom de oarspronklike dwerskappen mei harren topgevels mei help fan âlde ôfbylden troch de arsjitekten Ph.J.W.C. Bolt en P.L. de Vrieze reonstruearre.

Tsjerklike skiednis

bewurkje seksje

De Maratinytsjerke is oarspronklik de earste parochytsjerke fan Grins. Dy grinzen fan de parochy omfiemen net allinne de stêd, mar ek de omkriten fan Grins. Doe't dêr yn de rin fan de tiid ek nije parochy's stifte waarden, funksjonearre de Sint-Martentsjerke as memmetsjerke foar de tsjerken fan dy nije parochy's.

De tsjerke hie in funksje foar de hiele mienskip. Ferskate gilden hiene yn 'e tsjerke harren eigen alter. Njonken it haadalter hawwe der teminsten sechtjin oare alters west. Ien fan dy oare alters wie benammen dy fan Jehannes de Doper foar stêd en tsjerke fan grutte betsjutting. Sûnt likernôch 1220 waard by it alter in wichtich relyk fan de hillige bewarre, nammentlik in earm. Om it relyk waarden alle jierren plechtichheden holden, wêrfoar't in ôflaat fan fjirtich dagen jûn waard. Fral dy ôflaat soarge foar in grutte en oanhâldende oanrin fan pylgers nei Grins. De earm is nei 1588 ferlern gien en tsjintwurdich docht allinne de Sint Jansstraat noch oan dy ferearing tinken.

As gefolch fan in reorganisaasje fan 'e Tsjerke yn de Nederlannen troch Filips II en paus Paulus IV. Grins waard de biskopsstêd fan it nije bisdom Grins, dat bestie út de stêd, de Ommelannen en Drinte. De Ommelannen hearden oant dy tiid by it bisdom Múnster. De Martinytsjerke krige de status fan katedraal fan it bisdom Grins.

 
Kaart fan Grins mei û.o. de Martinytsjerke (1575, Georg Braun en Frans Hogenberg).

Yn 'e stêd Grins wenne al yn 'e fyftjinde iuw in ynfloedrike groep humanistyske kritisy fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Leden fan dy groep, lykas Rudolf Agricola en Wessel Gansfort, bleaune yn 'e Tsjerke en yn 'e 16e iuw setten hja harren stimpel op de stêd. Grins bleau noch lang katolyk, mar it stedsbestjoer stelde wol de Broertsjerke iepen foar de kalvinisten. Mei de reduksje fan Grins yn 1594 kaam der in ein oan dat tiidrek. De katolike earetsjinst waard ôfskaft en de biskop moast meitsje dat er fuortkaam.

In wylde byldestoarm hat yn 'e tsjerke nea plakfûn. Op 24 july 1594 ferrûn de sloop fan de katolike ynrjochting lykas de alters en de ferwidering fan de bylden oarderlik. De reliken fan de hillige Otger en de earm fan Jehannes de Doper ferdwûnen sûnder in spoar nei te litten. Op snein 27 july 1594 gyng dûmny Menso Alting út Emden yn 'e earste grifformearde tsjinst yn 'e Martinytsjerke foar. Foargongers fan 'e Martinytsjerke waarden de eardere preester Antonius Thomæ en de predikanten J. Wermerius, A. Martinus en E.S. Ærarius. Der kaam in tsjerke-oarder mei in kolleezje fan diakenen mei soarch foar it earmbestjoer en in tsjerkeried fan âlderlingen, dy't op 'e tucht en suverens fan 'e lear tafersjoch hâlde moast.

Yn 'e Frânske tiid waard it besit fan 'e Martinytsjerke (lân yn de omkriten fan Grins) troch de gemeente yn beslach nommen. De opbringst dêrfan waard ornearre foar fromme doelen. Ek de toer waard yn 1798 ûnteigene en troch de gemeente oernommen. De muorrefresko's ferdwûnen achter in kalklaach en yn 'e tsjerke mochten gjin roubuorden mear hingje. Allinne yn 'e brânskildere ramen mochten noch famyljewapens en ôfbylden te sjen wêze. Yn it skip fan 'e tsjerke waard in grutte preekstoel boud. It doopfont dat yn 'e dooptún om de preekstoel hinne stie, stiet tsjintwurdich yn de Der AA-tsjerke.

Der ha twa foargongers fan 'e hjoeddeiske toer west. De earste toer wie 30 meter heech en waard yn 1408 troch bliksemynslach ferneatige. De twadde toer út 1452 wie 45 meter heech, mar stoarte al yn 1468 yn, nei alle gedachten wie in de brân de oarsaak, dy't trije jier earder ek troch bliksemynslach ûntstien wie.

 
Slútstien yn it koer.

De Martinytoer is de bekendste en mei 96,8 heechste tsjerketoer fan 'e stêd Grins. De Grinzer befolking neame harren toer d' Olle Grieze, Grinzersk foar "de Alde Grize". Yn 'e tsjintwurdige foarm datearret de toer fan 1627. Yn dat jier waard de skea út 1577 troch brân oan 'e toer, dy't doe heger wie, ferholpen. De tredde toer fan de Martinytsjerke waard yn 1553 of 1554 foltôge en stiet oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke.

Tsjintwurdich gebrûk

bewurkje seksje

Sneins en op kristlike feestdagen wurde yn 'e tsjerke earetsjinsten fierd. Troch de wike makket de Ryksuniversiteit Grins gebrûk fan 'e tsjerke foar tentamens en offisjele oangelegenheden. De gemeente Grins hat de tsjerke erkend as in offisjele troulokaasje.

Yn desimber 2011 makke de Stifing Martinytsjerke (Stichting Martinikerk), dy't ferantwurdlik is foar it behear fan de tsjerke, bekend dat se it ûnderhâld fan it gebou net mear opbringe kin en dat de steat fan de tsjerke der net better op wurdt. De ferhier oan tal fan organisaasjes draacht mar 10% by fan it nedige bedrag € 100.000 yn 't jier. Meiïnoar is der € 600.000 nedich. Om't de oerheid sûnt 2009 gjin subsydzje mear jout, wol de stifting in berop dwaan op de gemeente Grins. Ek besiket de organisaasje om partikulieren te benaderjen.

 
Haadoargel.

It grutte oargel fan 'e Martinytsjerke heart mei 53 stimmen ta de bekendste en grutste barokoargels fan 'e wrâld. It is yn 1691-1692 troch Arp Schnitger boud mei û.o. âldere ûnderdielen út de lette 15e iuw, doe't der yn 1481 in nij oargel yn 'e tsjerke boud waard nei de foltôging fan ' e westlike útwreiding fan it tsjerkeskip. Neffens de oerlevering wie Rudolf Agricola, yn dy tiid syndikus fan 'e stêd by it ûntwerp fan dat goatyske ynstrumint belutsen, dat nei alle gedachten boud wie troch Johan then Damme út Appingedam.

Ear't Schnitger him mei it oargel dwaande hold hie it al in lange skiednis. Yn 1542 ûndergyng it in ferbouwing troch in net by namme bekende oargelmakker, dy't der in renêssânse-oargel fan makke en koart neitiid op 'e nij troch de út Gint ôfkomstige en yn Grins wurkjende Andréas de Mare. Yn 'e 17e iuw wiene it Anthonie Verbeeck (1628) en Jan Helman (1685), dy't oan it ynstrumint wurken. Helman ferstoar doe't it wurk noch net foltôge wie en dêrom waard Schnitger út Hamburch der by helle om it ôf te meitsjen en it sines der oan ta te foegjen. Doe't Schnitger yn 1692 it wurk dien hie, wie it in grut barok oargel woarn.

 
Koeroargel Jean-Baptiste Le Picard.

Yn 1728-1729 wreide de soan fan Arp Schnitger, Franz Caspar Schnitger, it ynstrumint fierder út. Franz Caspar Schnitger ferstoar ear't it wurk dien wie en it waard yn 1730 ôfmakke troch syn feint Albertus Antoni Hinsz, dy't yn 1739-1740 it front mei fykwurk fan Casper Struiwig fernijde. Dêrnei hawwe ferskate Grinzer oargelbouwers, Nicolaus Anthony Lohman (1808, 1816), Petrus van Oeckelen (1831, 1855, 1867) en Jan Doornbos (1904, 1912), grutte feroarings oanbrocht, wêrtroch it ynstrumint jimmeroan mear fan it karakter as barok oargel ferlear. Dy ûntjouwing gyng troch oan 1938, doe't J. de Koff út Utert by in rigoereuze modernisearring hast gjin orizjinele oargelpiip oerliet en ek de struktuer fan it ynstrumint feroare.

Yn 'e jierren 1970 waard Jürgen Ahrend út it Dútske Lier frege om it oargel safolle mooglik werom te bringen yn de steat fan it ynstrumint fan Hinsz en Struiwig út 1740. In pear tafoegings dy't weardefol genôch fûn waarden, hat Ahrend hanthavene. De restauraasje fan it oargel duorre fan 1976 oant 1984.

It koeroargel datearret fan 1742 en waard troch Jean-Baptiste Le Picard út Luik boud. It is in posityf fan in oarspronklik twamanualich ynstrumint, dat in plak krige yn it kleaster Sint-Elisabethsdal yn Nunhem (Limburch). Fan 1799 oant 1939 hat it tsjinst dien yn de Sint-Nicolaaskerk fan Heythuysen. Yn 1939 kocht de Herfoarme gemeente it ynstrumint oan en sette it yn 'e Martinytsjerke. Fan 1962 oant 2001 wie it oargel opslein yn ferbân mei de restauraasje fan 'e tsjerke. Yn 2001 krige it op 'e nij in plak yn it koer fan 'e Martinytsjerke.

Jacob Wilhelm Lustig wie 68 jier lang, nammentlik fan 1728 oant 1796, de fêste oargelist fan 'e Martinytsjerke. Wim van Beek, dy't fan 1956 oant 2016 en dus sechtich jier organist wie, helle hast in selde tiidrek. Van Beek makke op it haadoargel in soad opnames op CD's mei muzyk fan û.o. Johann Sebastian Bach.

Beskilderingen

bewurkje seksje

Oan 'e muorren en it ferwulft is in soad fan de beskildering bewarre bleaun. De âldse muorreskildering stamt út likernôch 1250 en byldet Marije op 'e troan fan Salomo út. Op it ferwulft binne û.o. florale motiven út de 13e iuw te sjen, mar ek ôfbylden fan hilligen lykas de twilling Kosmas en Damianus, Kristoffel en de Grinzer patroanhilligen Otger en Martinus. De lêste skilderingen datearje út likernôch 1480. Opfallend binne fierders de beskilderingen om it saneamde himelgat. Utsein in tal ôfbylden fan jeiende minsken binne dêr ek karnavaleske figuren te sjen, lykas in bernebiskop. Yn 'e fjirtjin muorrenissen tusken de arkadebôgen en de ljochtbeuk yn it koer binne renêssânse foarstellings út 1540 út it libben fan Jezus oanbrocht. Nei de reformaasje ferdwûnen de skilderijen ûnder in laach kalk, mar yn 1923 waarden se op 'e nij ûntdutsen en letter restaurearre. It ferwulft yn it skip waard net earder as by de lêste restauraasje bleatlein en restaurearre.

Ofbylden fresko's

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Martinikerk (Groningen)