Kristoffel (hillige)
Kristoffel of Kristofoarus (Gryksk: Χριστόφορος "Kristusdrager") is in ierkristlike martelder, dy't troch de katolike en otterdokske tsjerken as hillige fereare wurdt. Ek op de protestantske kalinder wurdt er neamd, ek al is der fan de hillige hast neat bekend, útsein dan dat er om 250 hinne de martlersdea stoar en dat er ea bestien hat, want yn it jier 454 waard der yn de Grykske havenstêd Chalkedon, it tsjintwurdige Kadiköy, in stedsdiel yn Istanbûl, in tsjerke oan him wijd. Fierder hat in soad legindefoarming fan Kristoffel in populêre hillige makke. Yn de lette midsiuwen wie Kristoffel yn de Tsjerke al kontroversjeel en der hawwe ferskate synoades west dy't it near op de kultus fan de hillige leine, mar nettsjinsteande dat duorre it noch oant 1962 ear't Kristoffel offisjeel fan de hilligenkalinder ôffierd waard.
Kristoffel | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertenamme | Reprobus, ek Offerus, Offro of Adokimus | |
bertedatum | ûnbekend | |
berteplak | Kanaän | |
stjerdatum | ± 250 (?) | |
stjerplak | Anatoalje | |
wurkpaad | ||
berop | soldaat, misjonaris | |
hillichferklearring | ||
sillich ferkl. | ûnbekend | |
hillich ferkl. | ûnbekend | |
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken Anglikaanske Tsjerke | |
hjeldei | 25 july (R.-K.) 9 maaie (East.-Ott.) | |
attributen | stêf, bern op it skouder | |
patroan fan | reizgers |
Kristoffel wurdt yn de ikonografy fakentiden as reus mei in stêf foarsteld, dy't it Jezusbern op de skouder oer it wetter draacht. Tsjintwurdich is de hillige benammen bekend as beskermhillige fan reizgers en hy is ien fan de saneamde fjirtjin needhelpers. Yn Fryslân is Kristoffel de patroanhillige fan de doarpen De Broek en Ingelum. Tsjintwurdich is ek de tsjerke fan Kûbaard in Kristoffeltsjerke, mar oarspronklik wie dy tsjerke wijd oan Sint-Fiktor.
Oerlevering
bewurkje seksjeYn it Martyrologium Romanum wurdt sûnder fierdere biografyske ynformaasje de datum 25 july tawiisd oan in martler mei de namme Kristofoarus. Om de hillige hinne binne yn de rin fan de tiid in soad legindes ûntstien.
Foar de doop hiet Kristoffel neffens de oerlevering Reprobus, Offerus, Offro of Adokimus. Ynearsten wied er soldaat, dêrnei misjonaris yn de omkriten fan Lysië yn it hjoeddeiske Turkije oant er troch ûnthalzing om it libben brocht waard.
Neffens in eastersk-otterdokske oerlevering, dy't op de fyfde iuw werom giet, wie Kristoffel immen dy't by in fabelfolk fan de synosefalen hearde, in folk dat yn earne yn it easten wenne en hûnekoppen hie. Op guon ikoanen wurdt Kristoffel dan ek mei de kop fan in hûn ôfbylde. De mooglikheid bestiet dat dy tradysje ûntstie troch betizing fan de wurden genere canaaneo yn in Latynsk manuskript, dat "út it Kanaänityske skaai" betsjut. Yn it manuskript, wêryn't ferhelle wurdt dat Kristoffel tûzenen minsken ta it kristendom bekearde waard it wurd canaaneo mooglik misfette as canineo, dat hûne-eftich betsjut.
Neffens westerske boarnen wied er in reus fan 2,3 meter heech mei de namme Offerus. Elk dy't him tsjinkaam died er mei syn wylde foarkommen skrikken. Offerus hie himsels de ambysje steld om allinne de aldermachtichste hearsker te tsjinjen. En sa begûn er te reizgjen om dy te finen. Hy fûn lykwols nimmen mei in macht sûnder grinzen. Sels de duvel moast him bekenne dat er benaud wie foar in hegere macht. Nei in lange tocht om 'e nocht sei in fromme hearremyt him dat allinne de macht fan God gjin grinzen koe en dat er Dy tsjinje moast. Op de fraach fan Kristoffel hoe't er God dan tsjinje koe, andere de hearremyt him dat syn foarkommen en krêft him yn steat stelde om Kristus te tsjinjen troch pylgers oer in nuodlike rivier te dragen. Neffen de muonts soed er dêrmei Kristus tsjinje kinne en Kristoffel sette dêrmei fuort útein.
Sa naam Offerus op in dei ek in bern op it skouder om it oer de rivier te dragen. Ynearsten wie it bern net swier, mar hoe fierder Kristoffel it wetter yn gyng, namste swierder it bern waard. Yn de midden fan de rivier rôp Offerus "Bern wat bist alderheislikste swier, as is it sa dat ik mei dy de hiele lêst fan 'e wrâld te dragen hie!" It bern andere dêrop: "It is sastû it seiste, want ik bin Jezus, de Heilân, dyst tsjinnest. En lykastû wiste draacht de Heilân de lêst fan it hiele minskdom". It bern waard oan oare kant fan de rivier troch Kristoffel delsetten en sei doe tsjin de reus: "Dû hast no de Kristus droegen, tenei meistû dy Kristoffel (Kristusdrager) neame. Stek dyn stêf yn 'e grûn en dû silst sjen dat er moarn blêd en frucht draacht. Sa wistû dat myn wurden wier west hawwe".
Ferearing en ikonografy
bewurkje seksjeKristoffel is ien fan de fjirtjin needhelpers en jout beskerming tsjin in ûnferwachtse dea as by him opsjoen wurdt. Dêrom stiet er tradisjoneel fakentiden by de yngong fan in tsjerke, lykas ek yn de Ljouwerter Bonifatiustsjerke. Kristoffel is patroanhillige fan de pylgers, reizgers, seelju, piloaten, lestdragers, skippers en (fanwegen it wûnder mei de stêf) túnkers en hannelers fan fruchten. Ek is Kristoffel patroanhillige fan Ingelum en De Broek, fan de stêd Roermond, it eilân Rab yn Kroaasje, de Dútske stêden Braunschweig, Hildesheim, Stuttgart, Werne en Würzburg, Vilnius yn Litouwen, Riga yn Letlân, Havana yn Kuba, San Cristóbal yn de Dominikaanske Republyk en Tivim op Goä yn Yndia.
Oant hjoeddedei wurde medaljes of ôfbylden fan Kristoffel as patroanhillige fan reizgers yn auto's meinommen. By prosesjes yn de midsiuwen rûn yn guon gebieten de persoan dy't de hillige foarstelle moast op stelten mei. Ek yn Flobecq, yn it Frânsktalige Belgje, reizget sûnt 1976 wer sa'n reus mei yn de prosesje.
Kristoffel wurdt yn de keunst as Kristusdrager foarsteld. Yn roomske tsjerken wurdt der as in reus ôf- en útbylde, dy't it Kristusbern meastentiids op syn skouder draacht. Yn ien fan de hannen hâldt er de stêf fêst, dêr't somtiden bledsjes oan sitte.
Reliken
bewurkje seksjeYn de katedraal op it Kroatyske eilân Rab wurdt in fergulde relikwarium mei de skedel fan Kristoffel bewarre. Neffens de tradysje liet de biskop de reliken yn 1075 boppe de stedsmuorren sjen, om sa in ein te meitsjen oan de belegering fan it Italjaansk-Normandyske leger.
Feestdei
bewurkje seksje- Roomsk-Katolike Tsjerke: 25 july
- Protestantske Tsjerken: 24 july
- Otterdokske Tsjerken: 9 maaie, 9 novimber
- Armeenske Tsjerke: 9 maaie
- Koptyske Tsjerke: 28 maart
- Syrysk-Otterdokske Tsjerke: 9 maaie
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Christophorus
|