Lutherske Tsjerke (Grins)

De Lutherske tsjerke is de tsjerke fan 'e Evangelysk-Lutherske gemeente yn Grins. Fan alle skûltsjerken dy't de stêd ea ryk wie, bleau de Lutherske tsjerke as iennige oer. De tsjerke hat de status fan ryksmonumint.

Lutherske tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Grins
adres Haddingestraat 23
koördinaten 53° 12' N 6° 33' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Evang.-luth. gem.)
Arsjitektuer
boujier 1696
boustyl Eklektisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18483
Webside
Lutherske gemeente Grins
Kaart
Lutherske Tsjerke (Grins-Binnenstêd)
Lutherske Tsjerke

Oan it ein fan 'e 17e iuw joech de boargemaster tastimming foar de bou fan in skûltsjerke foar de lutherske gemeente. It gebou mocht bûten net as in tsjerke werom te kennen wêze en in toer mei klokken wie ferbean. Oan 'e tsjerkeseal waard nei de strjitte ta in lege foarbou mei in poarte boud. Dy foarbou waard yn 1874 ferfongen troch de hjoeddeiske eklektyske foarbou. Fanwegen dy foarbou ha lju der fakentiden gjin aan fan dat efter dy gevel in bysûnder tsjerkegebou skûl giet. De tsjerke jout plak oan likernôch 300 minsken.

 
Oersjoch ynterieur

Oan 'e tsjerke grinzget de saneamde Lutherseal út 1925. De yn Amsterdamske styl boude seal is oer it hofke fan it eardere gasthûs te berikken en waard ûntwurpen troch de arjitekten Kazemier en Tonkens (1889-1945).[1]

Yn 'e tsjerke leit de ferneamde Dútske oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz begroeven.

De preekstoel datearret út de boutiid fan 'e tsjerke (1696) en is dekorearre mei fykwurk. Foar mear sitplakken waarden der trije kreaken ynboud.

Yn de tsjerke stiet in oargel van Van Oeckelen út 1896, dat yn dy tiid it plak fan in oargel fan de ferneamde oargelbouwer Arp Schnitger yn naam. It 23 registers tellende instrumint waard foar it lêst restaurearre troch de oargelfirma Mense Ruiter ûnder begelieding fan Jan Jongepier. Mei de restauraasje waarden in pear net sa slagge feroarings oan it instrumint út 'e jierren 1950 werom draaid.[2]

Oan it begjin fan 2013 waard de stifting Reconstructie Schnitger-orgel oprjochte. De stifting hie as ambitieus doel om de foargonger fan it Van Oeckelen-oargel, dat troch Arp Schnitger boud wie, yn 'e opset fan 1717 te rekonstruearjen. De út Hamburch ôfkomstige oargelbouwer tsjerkte eartiids yn syn Grinzer tiid yn de Lutherske tsjerke, doe't er njoggen oargels yn 'e stêd boude.

It rekonstruearre Schnitger-oargel waard troch Bernhardt Edskes út Switserlân boud en krige in plak op de eastlike kreake, foar it Van Oeckelen-oargel oer, dat op de westlike galerij stiet. Op tiisdei 31 oktober 2017, op it 500-jierrich jubileum fan it slaan fan de 95 stellings oan de Slotkapel fan Wittenberg troch Maarten Luther, waard it oargel feestlik yn gebrûk nommen. Underdiel fan it feestkonsert foarme Bach's kantate Ein feste Burg is unser Gott. It oargelfront is fan massyf ikehout boud en dekorearre mei fykwurk yn 'e styl fan Jan de Rijk, dy't yn 'e 18e iuw foar mannich tsjerke in preekstoel, hearebank of oargelkas boude. It front wurdt bekroand mei trije myzykmeitsjende ingeltsjes. Twa fan dy ingeltsjes foarmen ea ûnderdiel fan 'e oargelkas fan it oarspronklike Schnitger-oargel en binne nei de ôfbraak fan it orizjinele oargel troch Van Oeckelen op 'e nij brûkt by de bou fan in oargel foar de Herfoarme tsjerke fan Appelskea, mar binne no werom yn de Lutherske tsjerke.

In krekte reonstruksje is it net woarn om't der gjin ôfbylden fan it oarspronklike ynstrumint oerlevere binne. Der is keazen om in kopy fan it Schnitgeroargel op it Dútske eilân Pellworm te meitsjen, dat foldocht oan it boarneûndersyk yn 'e Grinzer Lutherske tsjerke. De kosten fan 'e bou fan it nije oargel bedroegen 565.000 euro.[3][4]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: