Schlosskirche (Lutherstadt Wittenberg)

De Schlosskirche (Slotsjerke; ek Reformaasjetsjerke) is in protestanske tsjerke yn de Lutherstêd Wittenberg, Dútslân. It is de grutste tsjerke fan de stêd, dat oan de súdlike kant fuort oan it Slot Wittenberg grinzget. Sûnt 1996 is de tsjerke in UNESCO-monumint.

Schlosskirche
bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Saksen-Anhalt
landkreis Wittenberg
plak Lutherstadt Wittenberg
adres Schlosspl. 1, 06886 Lutherstadt Wittenberg
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1490-1511
offisjele webside
Side gemeente

Mei de 88 meter hege toer is de tsjerke yn de fiere omkriten te sjen en tige bepalend foar it stêdsbyld. De tsjerke foarmet de westlike ein fan de âlde binnenstêd. De toer hat in neogoatyske helm út 1885-1992 mei dêr ûnder in bân fan mozayk mei de wurden fan Luther syn liet Ein feste Burg ist unser Gott, ein gute Wehr und Waffen ('In sterke festing is ús God, in wâl om it kwea te kearen'). De tsjerke waard ferneamd doe't op 31 oktober 1517 de yn dy tiid noch ûnbekende muonts en teologyprofessor Maarten Luther syn 95 stellings bekend makke en dêrmei de reformaasje ynliede.

It earste slot op it plak en dêrmei ek de earste Slottsjerke, in oan Alderheljen wijde kapel, waard om 1340 hinne troch de Askanaanjer Rudolf I boud. De kapel waard ûnder it direkte rjocht fan Rome pleats. De hartoch soarge foar ynkommen foar de kapel, liet statuten opstelle en regele de oarder fan de earetsjinst. Dy regelingen bleaune ek ûnder lettere hearskers bestean. Yn 1415 ferhuze de kapel op de souder fan de hjoeddeiske tsjerke nei in ljochter plak om dêr in grutter tal minsken herbergje te kinnen.

De hjoeddeiske tsjerke

bewurkje seksje
 
De tsjerke yn de 16e iuw

Tusken 1490 en 1515 liet Freark de Wize it hiele slot op 'e nij bouwe. Sûnt foarmet de Slottsjerke de noardlike fleugel fan it nei de eastlike kant iepen trijefleugelige bouwurk. Op 17 jannewaris 1503 waard de tsjerke ynwijd. Freark de Wize kocht foar de tsjerke in grutte samling reliken oan en liet de tsjerke pronkfol ynrjochtsje. De reliken hiene grutte oantrekkingskrêft op it leauwige folk en it tal beafeartsgongers naam no ek út fierdere omkriten ta. Nei de stifting fan de universiteit fan Wittenberg yn 1502 waard de Slottsjerke ek universiteitstsjerke. Yn de tsjerke promovearren studinten, Philipp Melanchthon hold dêr syn ferneamde earste taspraak, der waarden tsjinsten fierd en hege akademyske pommeranten fan de universiteit waarden dêr te rêste lein. Ta oantinken fan har' binne der tsjintwurdich noch in tal epitafen yn de muorren bewarre bleaun.

De doar fan it haadportaal wie eartiids fan hout en waard troch leden fan de universiteit as in soarte fan publikaasjeboerd brûkt. Maarten Luther soe dêr op 31 oktober 1517, op de jûn foar de patronaatsdei fan de Slottsjerke, syn 95 stellings oan de doar slein ha om dêrmei in debat oer de hannel yn ôflaten út te lokjen. Dy 95 stellings waarden de oanlieding foar de oansteande reformaasje. Oft dat werklik sa barde is net hielendal wis. Wol wis is dat Maarten Luther dy deis de stellings op skrift nei twa biskoppen en letter ek oan ferskate teologen ferstjoerde.

 
It epitaaf fan Freark de Wize bleau sparre mei de brân fan 1760

Yn 1525 waard Freark de Wize yn de Slottsjerke beïerdige en noch yn itselde jier waard de lutherske earetsjinst yn de tsjerke ynfierd. Nei syn ferstjerren yn Eisleben waard Maarten Luther waard op 2s febrewaris 1546 yn de tsjerke begroeven en yn 1560 waard ek syn freon Philipp Melanchthon dêr te rêste lein.

Yn de Sânjierrige Oarloch yn 1760 baarnde de tsjerke út. It ynterieur gyng doe foar it grutste part ferlern. It eksterieur waard oant 1770 wer op in oare wize weropboud en de slottoer waard yn it ramt fan de weropbou omboud ta tsjerketoer. Benammen de toer hie yn 1814 te lijen by de striid fan de Dútsers om de stêd te befrijing fan de Frânske besetters en op 'e nij gyng it measte fan de ynrjochting mei weardefolle keunstwurken en reliken ferlern. Allinne de metalen monuminten bleaune bewarre, sa ek it grêfmonumint fan Freark de Wize, dat de ferneamde brûnsjitter Peter Vischer út Neurenberch yn 1527 makke.

By it Kongres fan Wenen waard Wittenberch by Prusen yndield. Nei't de universiteit fan Wittenberch yn 1817 nei Halle ferhuze, waard de Slottsjerke oan de nij stifte predikantenopleiding oerdroegen. Op it plak fan de yn 1760 ferbaarnde houten doar dêr't Luther de stellings op slein hie, liet kening Friedrich Wilhelm IV in nije brûnzen doar jitte mei dêr op de tekst fan de 95 stellings. Op 10 novimber 1858, op de 375e jierdei fan Luther, waard de doar mei in seremoanje ynwijd.

 
It hjoeddeiske neogytske ynterieur fan de tsjerke

Yn oanrin nei it 400-jierrich jubileum fan Luther syn bertedei waard ûnder lieding fan Friedrich Adler yn 1883 útein set mei in grutte ferbouwing fan de tsjerke yn neogoatyske styl. De restauraasje fan it "Monumint fan de Reformaasje" waard yn 1892 ôfsletten. By dy restauraasje waard it ynterieur fan de tsjerke neffens histoaryske beskriuwings foarjûn en de helm fan de toer hersteld. Yn oanwêzigens fan keizer Wilhelm II waard de tsjerke op de reformaasjedei 1892 op 'e nij yn gebrûk nommen.

Yn it ramt fan it 500-jierrich jubileum fan Luther syn bertedei krige de Slottsjerke yn 1983 tolve nije ramen mei de portretten fan de trettjin wichtichste herfoarmers.

Fan 1978 oant 1992 wurke de predikant Friedrich Schorlemmer yn de tsjerke. Schorlemmer krige yn de DDR-tiid fanwegen syn symboalyske aksje fan it omsmeien fan it swurd ta in ploechizer ynternasjonale bekendheid.

De doar fan de stellings

bewurkje seksje
 
Portaal mei brûnzen doar

De âlde toer dêr't neffens de oerlevering Luther syn stellings op sloech is mei de brân yn de 18e iuw ferlern gien. Tsjintwurdich is op it plak fan dy houten doar oan de noardlike kant fan de tsjerke no in brûnzen doar, dy't troch de Prusyske kening Friedrich Wilhelm IV oan de stêd skonken is. Op de doar is ûnder de brûnzen bylden fan muzyk meitsjende knapen de tekst fan de 95 stellings te lêzen. De bylden boppe de doar op de mei wapens dekorearre sokkels stelle karfoarst Freark de Wize en hertoch Johan de Stânfêstige foar en binne ûntwerpen fan de bekende Dútske byldhouwer Friedrich Drake. It spitsbôgige portaal is noch oarspronklik en oan beide kanten fan de slútstien is noch it jiertal 1499 te lêzen. August von Kloeber skildere de krusigingssêne yn 1851 op it fjild fan de bôge boppe de doar.

 
Oargel

Nei de brân fan 1760 boude Johann Ephraim Hübner yn 1771 in nij oargel mei 37 registers, ferdield oer twa manualen en pedaal. Yn 1863 ferfong de oargelbouwer Friedrich Ladegast it ynstrumint mei behâld fan it barokke front, dat lykwols yn 1893 wer troch in neogoatysk ikenhouten front ferfongen waard. It ynstrumint fan Ladegast hie ynearsten 39 registers, ferdield oer trije manualen en pedaal. Yn 1935 wreide Wilhelm Sauer út Frankfurt oan de Oder de disposysje út nei 50 registers en foarseach it ynstrumint fan elekropneumatyske traktueren. Hermann Eule út Bautzen rekonstruearre tusken 1985 en 1994 it oargel, foege in swelwurk ta en makke dêrby gebrûk fan inkelde Sauer-registers. It ynstrumint mei likernôch 3500 pipen hat tsjintwurdich 57 registers, ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk.

Reformaasjejubileum 2017

bewurkje seksje

Mei it each op it 500-jierrich jubileum fan de reformaasje folge yn 2017 in yngripende renovaasje fan de tsjerke, dy't likernôch 8,2 miljoen euro hat koste. Op 2 oktober 2016 krige de tsjerke fan de Deenske keninginne Margaretha II in troch har ûntwurpen en makke alterdoek as jefte foar de weriepening fan de restaurearre Slottsjerke. Op it reade doek is in wite Lutherroas mei ljochtsjende flammen benaaid.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schlosskirche (Lutherstadt Wittenberg)