Willem II fan Dútslân
Friedrich Wilhelm (Willem)[1] Viktor Albert von Preussen (Potsdam, 27 jannewaris 1859 - Doorn (Nederlân), 4 juny 1941), út it Hûs Hohenzollern, wie fan 1888 - 1918 de lêste kening fan Prusen en de tredde en lêste keizer fan it Dútske Keizerryk. Willem wie de âldste soan fan Frederik III. Nei de dea fan syn heit (keizer Willem I) yn 1888 waard Willem II kening fan Pruisen en keizer fan Dútslân.
Kânselier
bewurkje seksjeYn 1890 ûntsloech Willem II Bismarck, omdat hy syn eigen kânselier wêze woe. Willem II farde in eigen koers, dy't bekend waard ûnder de namme "Neue Kurs", wêryn't lykwols gjin echte line yn te ûntdekken foel. De brek mei Otto von Bismarck late ta in ûnoarderlik belied. Hy samle jaknikkers om him hinne, wêrtroch't hy by styeay wie om fout nei fout te meitsjen.
Willem II sei it werfersekeringsferdrach mei Ruslân op, wêrtroch't de relaasje fan Frankryk mei Ruslân ferstevige waard. Hy bersocht de sosjale omstannichheden fan de legere klassen te ferbetterjen, mar wie dêryn net súksesf. Ek joech er de boeren yn Súd-Afrika it idee har ûndersteune te sillen, mar luts dizze steun werom doe't de Boereoarloch útbruts. Ek wie hy troch ûnhandige aksjes mei skuldich oan it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch.
Balling yn Nederlân
bewurkje seksjeDe Dútske Keizer Willem II moast oan de ein fan de Earste Wrâldoarloch, yn 1918, Dútslân ferlitte. Him wie troch ien fan syn generaals de hearigens opsein. By greve Bentinck op it kastiel Amerongen yn Nederlân krige Willem II ynearsten in ûnderkommen. Yn 1920 kocht de eks-keizer yn Nederlân Hûs Doorn oan. Willem II liet yn it hûs frijwat feroarje om it nei syn winsken yn te rjochtsjen. Ek de yngong fan it terrein waard feroare. Oan de eastkant fan it foarplein fan it hûs waard in nij poartegebou setten.
Kastiel Doorn
bewurkje seksjeDoe't eks-keizer Willem II him definityf yn Doorn fêstige hie, liet hy, om it kastiel fierder yn te rjochtsjen, ferskaat guod út Dúslân oerkomme. It wie in fracht fan twaenfyftich spoarweinen, dy't folpakt wiene mei meubels, unifoarmen, jewielen enfh.. Ek syn samlingen wienen dêrby, wêrûnder syn ferneamde kolleksje tabaks- en snúfdoazen. In diel fan de besittings fan de keizer waard yn de Twadde Wrâldoarloch nei Berlyn oerbrocht en is dêrnei yn Ruslân bedare, mar wat der noch is, kin hjoeddeisk noch yn Doorn besjoen wurde.
Houliken
bewurkje seksjeOp 27 febrewaris 1881 troude hy mei prinsesse Augusta Fiktoaria fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburch-Augustenburch (1858-1921), in dochter fan Frederik fan Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Augustenburg. Se krigen sân bern. Hja ferstor al yn 1920, it jier dat Willem II him yn huzinge Doorn ta wenjen sette. Willem II wertroude mei Prinsesse Hermina fan Reusz, dy't him seis jier oerlibbe. De eks-keizer stoar yn 1941 yn Huzinge Doorn. Nei de dea fan Willem II gie prinsesse Hermine nei Dútslân werom dêr't se yn 1947 ferstoar.
Bern
bewurkje seksjeOfbyld | Namme | Berne | Ferstoarn | Bysûnderheden |
---|---|---|---|---|
align=center | Kroanprins Wilhelm | 6 maaie 1882 | 20 july 1951 | Boaske yn 1905 mei Cecilie fan Mecklenburg-Schwerin. |
Prins Eitel Frederik | 7 july 1883 | 8 desimber 1942 | Boaske Sophie Charlotte fan Aldenboarch. | |
Prins Adalbert | 14 july 1884 | 22 septimber 1948 | Boaske Adelheid Arna fan Saksen-Meiningen. | |
Prins August Wilhelm | 29 jannewaris 1887 | 25 maart 1949 | Boaske Alexandra fan Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg. | |
Prins Oscar | 27 july 1888 | 27 jannewaris 1958 | Boaske grevinne Ina Marie fan Bassewitz-Levetzow. | |
Prins Joachim | 17 desimber 1890 | 18 july 1920 | Boaske Marie Auguste fan Anhalt. Plege yn 1920 selsmoard. | |
Prinses Victoria Louise | 13 septimber 1892 | 11 desimber 1980 | Boaske Ernst August fan Brunswyk. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|