Philipp Melanchthon

Philipp Melanchthon (eins: Philipp Schwartzerdt; berne 16 febrewaris 1497 yn it Dútske Bretten; ferstoarn 19 april 1560 yn Wittenberg) wie in teolooch, filolooch, wiisgear, humanist, ûnderwizer en dichter. Mei Marten Luther wie er as herfoarmer in driuwende krêft fan de reformaasje en stifter fan de luterske konfesje.

Philipp Melanchthon neffens in portret fan Hans Holbein de Jonge

Melanchthon's biedwurd wie As God foar ús is, wa sil dan tsjin ús wêze (Romeinen 8:31). De reformator draacht de earetitel Praeceptor Germaniae (learaar fan Dútslân).

Libben en wurk

bewurkje seksje
 
Byld fan Melanchthon (ûnderdiel fan it Luthermonumint yn Worms

Melanchthon waard op 16 febrewaris 1497 berne as Philipp Schwartzerdt yn Bretten, net fier fan Karlsruhe ôf. Doe't Franke troepen tidens de Njoggenjierrige Kriich brânskattend troch it lân teagen, baarnde syn bertehûs yn 1689 mei de rest fan Bretten ôf. It hjoeddeiske Melanchthon-hûs waard yn 1897 op it âlde berteplak boud.

Syn âlden stjoerden him yn 1507 nei de Latynske skoalle fan Pforzheim, dêr't hy yn de kunde kaam mei de latynske en grykske dichters en Aristoteles. Hjir rekke hy al yn 'e kunde mei de fernijende wurken fan de teolooch Jakob Wimpfeling en Erasmus fan Rotterdam.

As tolvejierrige jonge gyng hy yn 1509 nei Heidelberg te studearjen en dêrnei yn 1512 nei Tübingen, dêr't hy rekkenkunde, geometry, muzyk en astronomy studearre. Nei it beheljen fan syn doktoraal yn 1516, sette hy útein mei in stúdzje teology en begûn te publisearjen.

 
Philipp Melanchthon op yn finster yn de Gedächtniskirche fan Spiers

Yn 1518 waard Melenachthon heechleraar Gryksk oan de universiteit fan Wittenberg, dêr't hy yn 1519 ek les joech oan de teologyske fakulteit. Op 25 novimber troude hy mei de dochter fan de boargemaster fan Wittenberg, Katharina Krapp.

Fan grut belang foar de reformaasje wie Melanchton's Loci communes rerum theologicarum seu hypotyposes theologicae (1521), in útiensetting fan de grûnbegjinsels fan de protestânske tsjerke, dy't it begjin foarme fan de luterske skolastike tradysje. Yn syn Unterricht der Visitatorn an die Pfarherrn im Kurfürstentum zu Sachssen (1528) lei Melanchthon de protestânske ferlossingslear en de oardening foar skoallen en tsjerken út. Melanchthon skreau ek de Confessio Augustana, dy't op 25 juny tidens de Ryksdei fan Augsburg yn bywêzen fan keizer Karel V waard foarlêzen.

Melanchthon stie ûnder ynfloed fan syn âld-omke Johann Reuchlin, in humanist en broer fan syn beppe fan memmekant. Dizze âld-omke stelde út syn famyljenamme Schwartzerdt (letterlik "swarte ierde") te fergrykskjen, eat dat yn dy tiid ûnder humanisten wizânsje wie. Sa naam hy de namme Melanchthon (Μελάγχθων) oan.

Melanchthon hie in net sa sterke natuer en joech mei syn dimmene lûd in swakke yndruk. Dêr foar oer stie syn grutte warberrens en yn ûnderhannelings koe Melanchthon tige taaie wêze. Syn hurde wurkjen lykwols soarge der foar dat hy al yn syn jonkheid min de sliep krije koe en dat hy boppedat in útbalansearre dieet nedich hie.

Doe't hy op in reis nei Leipzig kjeld skipe hie en op 4 april 1560 werom kaam, krige hy yn de nacht fan 7 nei 8 april koarts. De koarts kaam mei tuskenskoften hieltiten werom en makke him jimmeroan swakker. Op 11 en 12 april joech er foar de lêste kear lêzings, in lêzing op 14 april koe net mear trochgong fine. Op 19 april kamen syn dochter en syn skoansoan dy't him fersoargen tegearre mei syn freon Joachim Camerarius by him om foar de lêste kear te weitsjen, wylst studinten foar it hûs fan harren professor bidden. Tsjin 19:00 oer ferstoar de reformator.

Melanchthon waard neitiid nei in tsjinst njonken syn meistrider Marten Luther yn de Slotkapel fan Wittenberg te rêste lein.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Philipp Melanchthon fan Wikimedia Commons.