Tonko Tonkens (Midwolda, 9 augustus 1889 - It Amelân, 8 septimber 1945) wie in Nederlânsk arsjitekt.

Tonko Tonkens
Lutherseal

Tonkens, soan fan in timmerman, hie tegearre mei Bonne Kazemier (1875-1967) yn Grins it arsjitekteburo Kazemier & Tonkens, dat yn de perioade 1919-1940 tûzenen wenten yn dy stêd ûntwurpen hat. Harren ferieningslokaal foar de Vrijzinnig Lutherse Vereniging yn de Haddingestrjitte yn Grins is oanwiisd as ryksmonumint.[1]

Yn maart 2017 liet de stêd Grins witte dat der in strjitte nei Tonko Tonkens ferneamd wurde sil. De strjitte, Tonkensstraat hjitten, sil ûnderdiel wurde fan it prestizjeuze Jeropapark-projekt by it Euroborg stadion.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Ryksmonument 485645 (Haddingestraat 23, Groningen)