Jehannestsjerke (Peize)
De Jehannestsjerke is de oekumenyske doarpstsjerke yn it Drintske doarp Peize.
Jehannestsjerke
Johanneskerk | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Drinte | |
gemeente | Noardenfjild | |
adres | Kerkstraat 2 9321 HB Peize | |
koördinaten | 53° 08' N 6° 29' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Jehannes Baptist | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 32140 (tsjerke) | |
Webside | ||
Oekumenyzke gem. Peize | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt âldste diel fan 'e tsjerke is it skip. Fanwegen de mjitten fan 'e kleastermoppen wurdt dat diel út 'e midden fan 'e 13e iuw rûsd. De op in fûnemint fan fjildstiennen boude tsjerke waard oan Jehannes de Doper wijd en wie oant de reformaasje yn 1600 roomsk. Dêrnei waard de tsjerke in herfoarme gebou en sûnt 1970 is de tsjerke oekumenysk.
De swiere toer fan 'e tsjerke waard yn 1624 ôfbrutsen en yn 1803 ferfongen troch de hjoeddeiske. Wylst de tsjerke eigendom is fan 'e tsjerklike gemeente, is de gemeente Noardenfjild eigner fan toer. Yn 'e toer hinget in klok út 1835, getten troch Van Bergen en Soan út Midwolda.
By de restauraasje fan 'e jierren 1960 waarden de triomfbôge tusken it skip en it koer en in tal lytse finsters rekonstruëarre.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe tsjerke hat ien fan 'e geefste romaanske doopfonten fan Drinte. It sânstiennen doopfont wurdt droegen troch fjouwer liuwen en stamt út de 12e iuw. It doopbekken is 17e-iuwsk. De preekstoel waard yn 1751 boud. Foar de preekstoel oer stiet in ienfâldige hearebank.
Oargels
bewurkje seksjeYn 'e tsjerke is in monumintaal oargel oanwêzich, dêr't de ferneamste oargelbouwers oan wurke ha. It is it âldste oargel fan Drinte en it ienmanulage ynstrumint waard yn 1631 boud troch Anthonie Verbeeck foar de Pepergasthûstsjerke fan Grins. Arp Schnitger ferboude it oargel yn 1696 en joech it in frij pedaal. Albertus Antoni Hinsz foege it rêchwurk ta. Yn 1862 ferhûze Petrus van Oeckelen it oargel nei Peize. De oargelkas datearret fan 1785.
Om it sanitêr te modernisearjen moast it oargel yn 2020 mei balkon en al sa'n 70 sintimeter fierder de tsjerke yn ferset wurde.[1]
Yn it koer stiet in lyts posityf dat yn 1982 boud waard troch Fama & Raadgever.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Alle Middeleeuwse Kerken, Peter Karstkarel, ISBN 9789033005589
- Orgels in Drenthe: skiednis en disposysje oargel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|