Rêchposityf

(Trochferwiisd fan Rêchwurk)

In rêchposityf (of rêchwurk) is in diel fan it piipoargel dat mei in apart manuaal bespile wurdt. Yn 'e regel is dat it ûnderste manuaal.

Rêchposityf fan it oargel fan 'e tsjerke fan it Grinslânske Zandeweer.

By guon oargels sit de spyltafel tusken it rêchwurk en it haadoargel (of haadwurk). It rêchposityf is dan it diel dêr't de oargelist mei syn rêch nei ta sit en dêrfandinne ek dy namme.

It rêchwurk is fakentiden in lytsere útfiering fan it haadwurk. As in haadwurk bygelyks as registers Prestant 8', in oktaaf 4' en in superoktaaf 2' hat, dan hat it rêchwurk in Prestant 4', in oktaaf 2' en somtiden ek in superoktaaf 1'.

In soad rêchwurken hawwe as tongwurken in dulsiaan 8', in kromhoarn 8', in vox-humana of by grutte oargels in trompet. Yn it rêchwurk binne fral fluiten oanwêzich, wylst it haadwurk fral út prestanten en it swelwurk of boppewurk fral út strikers en fluiten bestiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: