Kroonpolder
De Kroonpolder is in polder en in earder wetterskip yn it easten fan de provinsje Grinslân.
Skiednis
bewurkje seksjeDe polder ûntstie yn 1696 troch it ynpolderjen fan in part fan de Doalert en it leit benoardeasten Aldedyk en de Schanskerdijk yn Drieborg. De bûtendiken wiene fan east nei west: Vleugedijk by de Westerwâldske Aa del, Middendijk fan Oude Statenzijl oant Kostverloren. De polder hat in oerflak fan 480 bunder en waard yndike troch de Siuw Antonius de Huybert van Kruin (of Kruiningen), dy't as betingst it lân sechtich jier bewurkje mocht. De namme Kruiningspolder waard stadichoan ferfoarme ta Kroonpolder. Yn 1757 joech de stêd Grins as behearder fan de stedsjurisdiksje de grûn út neffens beklamrjocht. Letter waard de grûn ferkocht.
Kroonpolder is lykwols nea in selsstannige kerspel wurden, al wie der wol grûn foar in tsjerke en tsjerkhôf frijmakke. Alteast yn 1785 oant 1840 hie de polder in eigen skoalle, dêrfoar waard nei alle gedachten gebrûk fan in keamer fan ien fan de pleatsen makke.
Polder
bewurkje seksjeDe polder smiet syn wetter út troch in dûker, de Marijke of Merijke neamd, troch de Aldedyk yn de Binnentsjamme en hie dêrmei itselde peil as de Nieuwe Spitlanden, dêr't it fan 1906 ôf bestjoerlik ien gehiel mei foarme. Yn 1968 waard it part fan it wetterskip Reiderlân en sûnt 2000 waard it part fan it wetterskip Hunze en Aa's.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |