Tsjerke fan Nieuw-Beerta
De Tsjerke fan Nij-Beerta (Nieuw-Beerta) is in wettersteatstsjerke út 1856.
Tsjerke fan Nij-Beerta | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
plak | Nij-Beerta | |
adres | Haadwei 18 | |
koördinaten | 53° 11' N 7° 9' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | E. van der Voort | |
boujier | 1856 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8874 | |
Webside | ||
PKN De Dollert | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske tsjerke ferfong in earder gebou út de 17e iuw en is boud mei stipe fan 'e ryksoerheid. It tsjerkegebou waard yn 2003 oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Tsjerklik falt Nij-Beerta tsjintwurdich (2021) ûnder de PKN-gemeente De Dollert.
Oargel
bewurkje seksjeDe tsjerke besit in oargel út 1857 fan Willem Hardorff. Hardorff wurke al sûnt 1844 yn Frylân as oargelmakker en wie yn 'e lear by Van Dam. Letter wie it in konkurrint fan Van Dam. Fan 'e iere Hardorff-ynstruminten stiet der mar ien bûten Fryslân en dat is yn Nij-Beerta.
It ynstrumint waard yn 1951 restaurearre troch H. Vegter. Yn 1992 ûnstie trelit nei't de tsjerkeried opdracht jûn hie om it oargel te reparearjen. Dy reparaasjes waarden net saakkundich útfierd en it wurk waard op oantrunen fan 'e Rykstsjinst foar de Monumintesoarch stillein.
Yn 2014-2015 joech de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken opdracht oan oargelmakkerij Van der Putten út Finsterwâlde om it Hardorff-ynstrumint te restaurearjen. It oargel wie yn dy tiid net mear te bespyljen. It restaurearre ynstrumint waard op snein 13 septimber 2015 wer yn gebrûk nommen troch Theo Jellema út Ljouwert, dy't ek adviseur by de restauraasje wie.[1]
Bastiaan Jan Ader
bewurkje seksjeSûnt 1938 wurke Bastiaan Jan Ader as dûmny oan 'e Herfoarme tsjerke fan Nij-Beerta. Hy joech yn 'e Twadde Wrâldkriich help oan joaden, ûnderdûkers en piloaten en waard fanwegen syn aktiviteiten troch de besetter fusillearre. Syn frou Johanna Adriana Ader-Appels (1906-1994) wurke nei syn eksekúsje fierder yn 't ferset. Nei de kriich waard hja evangeliste yn 'e omkriten fan Nij-Beerta en yn 1947 skreau hja oer de besettingstiid in boek. Ta neitins oan 'e dûmny hinget njonken de preekstoel in plakette.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|