Theo van de Bles
Theo van de Bles (Noardwâlde (Fryslân), 18 oktober 1950) is in Fryske eardere politikus.
Hy skreau yn de rin fan de jierren foar ferskate blêden en kranten, en is sân jier te hearren west op de lokale radio fan Weststellingwerf mei in programma oer it Stellingwerfsk.
Ein jierren tachtich rjochte hy tegearre mei inkele oaren de earste gemeentlike fraksje fan de politike partij GrienLinks op yn Fryslân. Nei tolve jier gemeenteriedslid en wethâlder west te hawwen ruile hy de gemeentlike polityk yn foar de provinsjale. Fan 2002 oant 2009 wie er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân, dêrfan fan 2002 oant 2007 as de fraksjefoarsitter fan GrienLinks. [1][2] Dêrneist is er dieltiid dosint Nederlânsk en maatskippijlear op in middelbere skoalle en is er foarsitter fan de Stichting Mr. J.C. Bloem-poëzypriis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|