Jeltje van Nieuwenhoven
Jeltje van Nieuwenhoven (Noardwâlde (Fryslân), 2 augustus 1943) is in Nederlânsk politikus fan Frysk komôf. Se siet fan 1981 oant 2004 yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Yn 2004 ferliet Van Nieuwenhoven de Keamer om deputearre te wurden fan de provinsje Súd-Hollân.
Wurkpaad
bewurkje seksjeNei de MULO folge se in oplieding ta bibletekaresse. Dat fak die se tusken 1960 en 1979. Wylst wie se lid wurden fan de PvdA en ferfolde se binnen dizze partij ferskeidene funksjes, wêrûnder gemeenteriedslid en wethâlder yn de gemeente Finkefean en Waverfean (yn 1989 opgien yn De Rûne Feanen).
Op 15 septimber 1981 waard se keazen as lid fan de Twadde Keamer. Op in koarte ûnderbrekking yn 1982/1983 nei hat se oan ien trie wei Twadde Keamerlid west. Tusken 1998 en 2002 wie se foarsitter fan de Twadde Keamer, as earste frou yn de skiednis. Nei de ferkiezingsnederlaach fan de PvdA yn 2002 waard se fraksjefoarsitter fan de PvdA: hjirop lei se it foarsitterskip fan de Twadde Keamer del. Yn 2002 waard se troch Wouter Bos ferslein by in lederieplachting oer it listlûkerskip foar de ferkiezingen fan 2003. Sûnttiid wie se fisefraksjefoarsitter.
Yn de Twadde Keamer hold Jeltje van Nieuwenhoven har dwaande mei keunst, kultuer en ynternasjonaal kultuerbelied. Ek wie se foarsitter fan de fêste kommisje foar Nederlânsk-Antiljaanske en Arubaanske saken.
Ein oktober 2004 ferliet Jeltje van Nieuwenhoven de Twadde Keamer. In dei letter waard se ynstallearre as lid fan Deputerare Steaten fan Súd-Hollân. Op it PvdA-kongres fan 29 jannewaris 2005 waard se ûnderskieden mei de Gouden Spjelde fan de partij, dy't earder allinnich útrikt wie oan Joop den Uyl en Max van der Stoel. Op 15 maart 2006 makke se bekend per direkt har funksje as deputearre del te lizzen, op advys fan dokters. Se hie lest fan hege bloeddruk en wie yn ein. Op 30 july 2006 wie se te gast yn it bekende VPRO-programma Zomergasten. Fanút har âlde berop fan bibletekaresse docht se sa no en dan semi-offisjele aktiviteiten foar de bibleteekbranche: deifoarsitterskip fan seminars ensfh.
Van Nieuwenhoven waard per 1 oktober 2006 troch de destiidske minister fan Ferkear en Wettersteat, Karla Peijs beneamd as iepenbier ferfier-ambassadeur foar twa dagen yn de wike, foar in perioade fan twa jier. De ynformele funksje is ynsteld om by konflikten tusken partijen yn it iepenbier ferfier - (desintrale) oerheden, ferfierders, reizgers - te bemiddeljen. Ein juny 2008 makken de minister en steatssekretaris fan V&W, Camiel Eurlings en Tineke Huizinga, bekend dat se dy funksje nochris foar twa jier beklaaie mocht.
Yn 2007 wie Jeltje van Nieuwenhoven lid fan de kommisje dy't de Kanon fan de Nederlânske film opsteld hat.
Maart 2010 waard hja keazen as riedslid fan de gemeente De Haach. Sy is dêr teffens foarsitter fan de PvdA-fraksje. By de gemeenteriedsferkiezingen yn 2018 stie hja op it 26e plak sadat se net keazen wurde koe. Se naam doe ôfskied fan in 40 jier lange politike karriêre.