Stasjon Pepergea
Stasjon Pepergea (geografyske ôfkoarting Pp) is in earder stasjon oan de Steatsline A. It stasjon fan Pepergea lei tusken it hjoeddeiske Stasjon Wolvegea en Stasjon Stienwyk.
It stopplak waard brûkt fan 15 jannewaris 1868 oant 15 maaie 1938 en fan 1 jannewaris 1940 oant 5 jannewaris 1941. It stasjonsgebou waard boud yn 1884 en sloopt yn 1970.
Stasjon Pepergea waard neist passazjiersferfier brûkt foar it eksportearjen fan rotan út Noardwâlde. Yn de jierren santich waard it stasjon ôfbrutsen. Tsjintwurdich is it stee oanjûn troch in trafostasjon fan de Nederlânske Spoarwegen.