Slikenboarch (stins)

De Slikenboarch wie in stins njonken it eardere Konvint fan Skoat by it doarp Slikenboarch, gemeente Weststellingwerf. Fan de boarch is neat werom te finen.

De boarch komt al yn 1398 foar. Op it plak dêr't no it doarp Slikenboarch leit, wie eartiids in fear foar minsken dy't nei De Kúnder woene; op it plak dêr't de Linde en Tsjonger gearfloeiden. It fear hearde ta de rjochten fan it Convent van Schoten en oant ±1470 krige it kleaster hjir in soad ynkomsten út.

Yn de trettjinde iuw stie de biskop grif it fearrjocht en ûnreplik guod oan it kleaster ôf. By it guod hearde ek een saet lants, geheiten Slikenborch.

Yn 1398 waard praat fan in slot of kastiel, dat mei Slikenboarch te krijen hat. Yn dat jier krijt de baljuw Claes Vroukyn Soen fan Hartoch Albrecht fan Beieren de opdracht it huys ende slot tot Slikenborch te behearen.

Yn de Midsiuwen waarden in tal stikken grûn yn de hjoeddeiske Bûtenpolder efter De Kúnder al sleken of sliken neamd. Sliken ferwiist nei sa út en troch drûchlizzende, oanslike, noch net yndike klaaigrûn. Yn dit gefal klaai, oanfierd troch de Sudersee. Hjir waard grif it slot Slikenboarch boud en ferklearret dit ek de namme fan it kastiel.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: