De Tille (Boyl)
De Tille is it kafee anneks doarpshûs yn de buorren fan Boyl. It wurdt brûkt troch alle ferienings. De stamtafel is krigen fan de fuotbalklub en de flier is betelle troch fêste klanten middels it foaiepotsje. It doarpshûs dat fia it kafee tagonklik is, is boud troch de ynwenners. Deroan fêst sit ek noch in aula. It jild hjirfoar is foar in grut part komd fan de âldjiersploech dy't de aksje "Schijt je Rijk" opset hawwe mei in skitende ko.
Yn 2006 waard dúdlik dat der dochs gjin multyfunksjoneel sintrum oan de Bosoardwei yn Boyl komme soe. It kolleezje fan B&W hat derfan ôf sjoen om in sintrum mei ûnder oare in supermerk, in Talant-winkel, de legere skoalle en in pjutteboartersplak te bouwen.