Doarpstsjerke (Boyl)
De Doarpstsjerke oan de Boylerwei yn Boyl is in tsjerke fan de protestanske streekgemeente Frieslands End. Under de gemeente falle njonken Boyl ek de plakken Elslo en Makkingea. Sûnt de fúzje fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke op 1 maaie 2004 is de tsjerke oansletten by de PKN. De tsjerke is in ryksmonumint.
Doarpstsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Boyl | |
adres | Boylerwei 8 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1617 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38860 |
Skiednis
bewurkje seksjeOars as hast alle parochy's fan Weststellingwerf foel Boyl yn de midsiuwen net ûnder de tsjerke fan Stienwyk, mar krekt as de measte doarpen fan Eaststellingwerf by de tsjerke fan Ruinen.[1] Hjoeddedei foarmet de tsjerke fan Boyl ien gemeente mei dy fan Elslo en Makkingea, doarpen dy't beide yn de gemeente Eaststellingwerf lizze.
De ienfâldige sealtsjerke waard boud yn 1617. Yn dat jier ferfong it hjoeddeiske gebou in âldere tsjerke dy't oarspronklik oan Sint Marten wijd wie. By in renovaasje hat bliken dien dat de oarspronklike tsjerke al yn de 13e iuw boud wie.
De tsjerke krige gjin toer, mar in klokkestoel. Dy klokkestoel is in pear kear letter op 'e nij boud, foar it lêst yn 1984. Yn de klokkestoel hinget in klok út 1399 mei in diameter fan 86 sintimeter. De klok draacht in râneskrift mei de wurden Ende Lut bequame, Martines Klock is mijn name. In’t jaer van ons Heeren 1399. Yn de Twadde Wrâldkriich is de klok út de stoel helle en troch de ûndergrûnske beweging earne yn 'e omkriten fan Giteren ferstoppe. Lykas de tsjerke is ek de klokkestoel in ryksmonumint. [2]
Sjoch ek
bewurkje seksje- Herfoarme tsjerke, Makkingea
- Doarpstsjerke, Elslo
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|