Evert Rinsema (De Gerdyk, 28 augustus 1880It Hearrenfean, 4 july 1958) wie in Fryske skuonmakker en skriuwer/dichter en geastbesibbe fan keunstbeweging De Styl.

Theo van Doesburg. Portret fan Evert Rinsema. Fermoedlik 1915. Pastelkryt op papier. 15,5 × 11,5 cm. Ljouwert, Frysk Museum.
 
Brief fan Theo van Doesburg oan Evert en Thijs Rinsema, dd. 28 febrewaris 1920

Hy wie in broer fan byldzjend keunstner Thijs Rinsema (1877-1947) en wenne yn Drachten. Hy wie skuonmakker en lies yn syn frije tiid yntinsyf it wurk en de libbensferhalen fan de grutte filosofen. Yn syn mobilisaasje-perioade, fan 1914 oant 1916, flakby it Noard-Brabânske Alphen, rekke hy befreone mei skriuwer en byldzjend keunstner Theo van Doesburg. Van Doesburg wie benammen ûnder de yndruk fan Rinsema omdat hy faak abstrakte en min te trochgrûnjen filosofyske tinkbylden yn it deistige libben weromseach. Hy makke om dy reden it hjir ôfbylde portret fan Rinsema, dêr't hy him yn werjoech as Friedrich Nietzsche.[1] Van Doesburg soe letter faker by him yn Drachten op besite komme. Ek brocht Van Doesburg yn 1920 Rinsema syn dichtbondel Verzamelde volzinnen út. Yn septimber fan dat jier stelde Rinsema him foar oan arsjitekt Cees Rienks de Boer (1881-1966), dy't Van Doesburg beluts by it ûntwerp fan in oantal 'middenstânswenningen' en de Lânbouwinterskoalle yn Drachten. Begjin jierren tritich ferhuze Rinsema nei Assen, dêr't hy oan it Kanaal 175 in wenhûs yn modernistyske styl bouwe liet nei ûntwerp fan arsjitekt J.F.A. Göbel. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam hy werom nei Drachten.[2] In bekende útspraak fan Rinsema is: 'Komt door te zwijgen niets tot stand, door spreken blijft niets staande' (1947).[3]

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Verzamelde volzinnen van Evert Rinsema. Leien: De Styl, 1920.
  • Wat ik dacht. Assen, 1947.
  • De mens is van nature hoekig. Bergen: Van der Wal, 1980.
  • Wat achterbleef. Volzinnen. Woubrugge: Avalon Pers, 1982.
  • Verwaaide bloemen. Gedichten en gedachten. Drachten: Streekmuseum "It Bleekerhûs", [1983].
  • Woorden op laag-water. Drachten: (eigen behear), 1984.
  • Geeft uw bloemen als u bloemen hebt, geleidelijk en langzaam water... [Woubrugge: Avalon Pers, 1995].

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alied Ottevanger (2007). De Stijl in Tilburg. Over de vriendschap tussen Theo van Doesburg en Antony Kok. Amsterdam: Stokerkade, cultuurhistorische uitgeverij (ISBN 9079156019): side 11.
  2. H.R. Heite (redaksje), 'Dada in Drachten', Literair tydskrift, nûmer 9/10 (novimber 1971): [side 26].
  3. H.R. Heite (redaksje), 'Dada in Drachten', Literair tydskrift, nûmer 9/10 (novimber 1971): side 3.