Johannus Frederikus Adrianus Göbel
Johannus Frederikus Adrianus Göbel (Assen, 15 septimber 1900 - Arnhim, 9 july 1967), meastal J.F.A. Göbel neamd, wie in Nederlânske arsjitekt.
Göbel wie in soan fan in keapman. Syn âlder wurk, meast yn in ekspresjonistyske styl, is te finen yn Assen. Nei de oarloch wurke er ek yn it westen fan it lân. Sa wie er belutsen by de wenningbou yn de Amsterdamske wyk Slotermeer. In oantal fan syn bouwurken is oanwiisd as ryksmonumint.
Wurk (kar-út)
bewurkje seksje- 1930: Wente oan de Vaart Noordzijde, Assen [1]
- 1931: Wente oan de Plataanweg, Assen [2]
- 1933-1934: Roomsk-katolike tsjerke Maria ten Hemelopneming, Assen (ûntwerp fan J. van Dongen jr. yn gearwurking mei J.F.A. Göbel) [3]
- 1934: Wente oan de Vaart Zuidzijde, Assen [4]
- 1936: dûbelwente oan it kanaal 173 en 175 yn Assen yn opdracht fan Evert Rinsema, skuonmakker en skriuwer/dichter.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|