De Frellefiver is in poel of marke yn De Alde Bosk bewesten Bakkefean en noardlik fan Wynjewâld. De ouwer is sompich, efkes fierder steane rodendrums en in koepel fan beammen. De poel is neamd nei frelle Eritia Lycklama à Nijeholt fan Beetstersweach. Earder wie der in prieeltsje by mar dat is letter ôfbaarnd. De rige bûken dy't der earder omhinne stean wurdt hieltyd tinner trochdat se stadichoan deagean troch de soere grûn. De Frellefiver en de bosk deromhinne binne eigendom fan Steatboskbehear. It paad fan de Slotpleats nei de Frellefiver is geskikt foar rôlstuollen.

De Frellefiver by simmerdei

Keppeling om utens

bewurkje seksje