Else Talsma (Wynjewâld, 17 jannewaris 2003) is in Frysk aktrise.

Else Talsma
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Else Talsma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2003
berteplak Wynjewâld (Fryslân)
etnisiteit Frysk
jierren aktyf 2018 – no
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Libben en karriêre bewurkje seksje

Talsma hie al fan bern ôf oan de ambysje om aktrise te wurden. Mei alve jier spile se ûnder de simmerfakânsje yn 'e musical op 'e camping dêr't se doe mei har âlden ferbleau. Neitiid kaam in famke fan it animaasjeteam fan 'e camping by har âldelju om te freegjen oft dy eins wol trochhiene hoe'n grut talint oft harren dochter wie. Dat wie fan Talsma de oantrún om har noch mear op aktearjen ta te lizzen.

Yn it foarjier fan 2018 stjoerde Talsma, dy't doe ûnderwilens op 'e HAFU siet, op oanrieden fan har mem in audysjefilmke yn nei de filmprodusinten fan 'e populêre tillefyzjesearje Brugklas, dy't sûnt 2012 op wurkdagen útstjoerd waard op NPO Zapp. Hoewol't se der net in protte fan ferwachte, foel se daliks op, en kaam se glânsryk troch de folgjende audysje-omgongen.

Talsma waard de fêste rol fan it skoalfamke Steef taskood. Yn 'e simmer fan 2018 naam se foar it sânde seizoen fan Brugklas 80 koarte ôfleverings fan elts 10 minuten op. Der earste dêrfan wie op 'e betide jûn fan moandei 3 septimber op 'e tillefyzje te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Elverdink, Wieberen, "Brugklas" als droompodium voor actrice Else, yn: de Ljouwerter Krante, 25 augustus 2018, s. 17.