Haadmenu iepenje

Hans Man in ’t Veld (1945) is in Nederlânsk regisseur.

Rjochte yn 1969 de Toneelschuur yn Haarlim op. Yn 1970 wie In 't Veld ien fan de oprjocchters fan it fernijende teaterkollektyf Het Werkteater en bleau oant 1987 oan dat selskip ferbûn. Dêrnei wie hy direkteur fan de Amsterdamske teaters de Brakke Grond en Frascati en fan 1990 - 1995 wie hy intendant fan de Hamburchske Kampnagel Internationale Kultur Fabrik GMBH. Yn dizze perioade wie hy ûnder oare inisjatyfnimmer fan it Junge Hunde Festival en de Internationale Tanz Theater Woche.
Fan 1995 - 2003 wie hy artistyk lieder fan de Regyoplieding fan de Amsterdamske Hegeskoalle fan de Keunsten en yn dy perioade ek tydlik waarnimmend artistyk lieder fan de Amsterdamske Toanieskoalle.
Fan 1 septimber 2003 - 2007 wie hy artistyk lieder, regisseur en direkteur fan Tryater. Dêrneist wurket er as dosint foar ferskate regy- en dramadosint-opliedingen en as akteur in films en teater.