Joop Wittermans (Burgum, 1 novimber 1946) is in Nederlânsk akteur en de heit fan Mads Wittermans.

Joop Wittermans
akteur
persoanlike bysûnderheden
berne 1 novimber 1946
berteplak Burgum
jierren aktyf 1972 - no

Hy wurke mei oan iepenloftspullen yn Burgum, spile Thomas yn "Een bruid in de morgen", fan Hugo Claus by de destiidske Fryske Toanielstifting. Nei de toanielskoalle yn Arnhim siet er twa jier by Teater Wim Zomer.

Sûnt 1972 by toanielgroep Noarder Kompanjy, wurke yn 1973 ek mei oan Fryske skoalradioprogramma's en hie yn it seizoen 1974/1975 in rol yn de searje "Het Wilhelmina" fan de VARA en in toanielstik "Periander" fan de VPRO. Joop Wittermans spile tal fan rollen op it toaniel, ûnder oare foar Tryater. Hy wie op tillefyzje te sjen lykas yn Goede Tijden, Slechte Tijden. Ek spile hy yn films as De Fûke en Van God Los.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: