Gea Struiksma, (Ljouwert, 1962), is in teätermakster út Ljouwert.

Gea Struiksma
sjonger en/of muzikant
Gea en Guido de Roos as Mick & Sugar
Gea en Guido de Roos as Mick & Sugar
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berteplak Ljouwert
stoarn 1962
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre funk
sjongtaal Nederlânsk, Frysk

Gea Struiksma is berne yn de Arendsstrjitte te Ljouwert mei it sicht op skouboarch de Harmonie. Gea makke nei de Pedagogyske Akademy tusken 1984 en 1991 diel út fan jeugdteatergroep Finnisj en spile - neidat dy groep dêryn opgien wie- trije kear in gastrol by Tryater.
Fan 1994 - 2000 is se trainingsakteur by KISS Communicatie en akteur by Pepper & Co (1990-1995). Yn 1991/1992 folget se in twajierrige toanieloplieding yn Nymwegen. Yn dy tiid hat se ek sjonglessen en logopedy. Mei de à-capella groep De Stembent komt se yn 1999 op in dield twadde plak (mei Twarres) op it Fryske sjongfestival Liet.

Yn 1997 rjochtet Gea Struiksma mei Jan-Dirk van Ravesteijn Acta Teaterproduksjes op. Yn gearwurking mei ytkafee Spinoza wurdt Theaterrestaurant Descartes oprjochte. Nei fiif jier groeie se út it lytse sealtsje en waard "De Koperen Tún" de nije spyllokaasje. Ek spylje se op ferskate oare plakken yn en bûten de provinsje. Acta Teater hâldt sûnt 2009 kantoar fanút de Blokhûspoarte. Sûnt 2011 laat Gea Struiksma Acta as ienmanssaak.

As twadde sjongster sjongt Gea Struiksma neist har gitaarspyljende man Guido de Roos yn de funky band Crocodile Smile.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: