Sonnet 18
Sonnet 18 of Shall I compare thee to a summer's day? is ien fan de bekendste fan de 154 Sonnetten fan William Shakespeare. It tema is de fergonklikens fan ierdske moaiens en de ivichheid fan de poëzy. Hjoeddedei wurdt jamk te praat brocht dat it oarspronklike ûnderwerp fan it gedicht, Shakespeares leafste, foar wa't it gedicht skreaun is, in man wie, wylst mannichien it sonnet brûkt ta it beskriuwen fan in frou.
Shakespeares tekst
bewurkje seksjeSonnet 18 Shall I compare thee to a summer's day?
|
Oersetting
bewurkje seksje- Sil ik dy ferlykje mei in simmerdei?
- Do bist noch swider en noch sêfter.
- Rûge winen skodzje de leaflike maitiidsknoppen,
- En sa gau is dy tiid fan simmer wer foarby.
- Somtiden skynt it himmeleach te fel,
- En faak is syn gouden glâns beskûle,
- Alles wat pronket wurdt in kear wei,
- By tafal of troch natuerlik ferfal;
- Mar dyn ivige simmer giet net oer
- Noch sil dyn moaiens ea fergean,
- Noch sil de dea opsprekke datsto yn syn skaad wanderst
- Want mei dizze rigels bisto ferivige.
- Salang't men azemet en sjocht,
- Salang sil dit gedicht libje en libben oan dy jaan.