John Oldcastle (toanielstik)
John Oldcastle, yn it Ingelsk: Sir John Oldcastle (eins folút: The First Part of the True and Honorable History of the Life of Sir John Oldcastle, the Good Lord Cobham, "It Earste Diel fan de Wiere en Earbere Skiednis fan it Libben fan John Oldcastle, de Goede Hear fan Cobham"), is in histoarysk toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid.
John Oldcastle | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | John Oldcastle | |
auteur | taskreaun oan ferskate auteurs (û.o. William Shakespeare) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | <1600 | |
1e publikaasje | 1600, Londen |
It giet oer John Oldcastle, in kontroversjele ealman, opstanneling en ketter (lollard) út 'e lette fjirtjinde en iere fyftjinde iuw, dy't yn 1417 ophongen en ferbaarnd waard foar ketterij, en dy't troch in protte lju fan nei de Reformaasje sjoen waard as in proto-protestantske martelder. It is ûndúdlik wannear't John Oldcastle krekt skreaun is, mar it stik waard yn elts gefal foar it earst publisearre yn 1600, troch útjouwer Valentine Simmes foar boekferkeaper Thomas Pavier.
Auteurskip
bewurkje seksjeYn 1619 ferskynde der in twadde útjefte, wêrby't it wurk oan 'e wiidferneamde toanielskriuwer William Shakespeare taskreaun waard. Mei't yn it deiboek fan Philip Henslowe, dy't blykber opdracht joech ta it skriuwen fan John Oldcastle, fernijd wurdt dat it stik ynstee it resultaat wie fan in gearwurking tusken Anthony Munday, Michael Drayton, Richard Hathwaye en Robert Wilson, liket de taskriuwing oan Shakespeare gjin hout te snijen. (Henslowe notearre letter ek noch dat er Drayton betelle hie foar it twadde diel fan it stik, dat net oerlevere is; sadwaande wurdt it besteande toanielstik ek wol John Oldcastle, Diel 1 neamd.) Dochs waard it stik yn 1664 mei seis oaren troch útjouwer Philip Chetwinde opnommen yn 'e twadde printinge fan 'e saneamde Third Folio fan Shakespeare syn wurk, en wurdt it sadwaande ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene.
Shakespeare en Oldcastle
bewurkje seksjeDer bestiet wol in oare link tusken Shakespeare en John Oldcastle: it personaazje fan 'e korrupte âld ridder John Falstaff, dat foarkomt yn twa fan Shakespeare syn keningsstikken (Hindrik IV, Diel 1 en Diel 2) en ien fan syn komeedzjes (De Fleurige Wyfkes), skynt oarspronklik John Oldcastle hjitten te hawwen. Falstaff komt yn dy stikken nei foarren as net sa'n fraai hearskip. De namme John Falstaff wie basearre op 'e histoaryske John Falstolf, dy't oars as Oldcastle sûnder neiteam stoar, sadat nimmen der oanstjit oan naam dat Shakespeare syn namme troch it slyk helle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|