Hear Thomas Cromwell
Hear Thomas Cromwell, yn it Ingelsk: Thomas Lord Cromwell (eins folút: The True Chronicle History of the Whole Life and Death of Thomas Lord Cromwell, "De Wiere Kronykskiednis fan it Hiele Libben en de Dea fan Hear Thomas Cromwell"), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, oer Thomas Cromwell, greve fan Esseks, de kânselier fan 'e Ingelske kening Hindrik VIII.
Hear Thomas Cromwell | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Lord Thomas Cromwell | |
auteur | taskreaun oan ferskate auteurs (û.o. William Shakespeare) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1582-1600 | |
1e publikaasje | 1602, Londen |
It stik bestiet fierhinne út polityk kommentaar of, as men it fan in oare kant besjocht, anglikaanske religieuze propaganda. It is ûndúdlik wannear't Hear Thomas Cromwell krekt skreaun is; guon saakkundigen wolle it sa ier datearje as 1582-1583, wylst oaren miene dat it yn 1599-1600 skreaun wêze moat. Yn elts gefal waard it registrearre yn it Stationers' Register, de gesachhawwende útjouwerskatalogus fan dy tiid, yn 1602, en letter datselde jiers foar it earst publisearre troch de boekferkeaper William Cotton.
Auteurskip
bewurkje seksjeOp 'e foarside fan Cotton syn útjefte stiet fermeld dat it stik opfierd waard troch it ferneamde teäterselskip de Lord Chamberlain's Men, en wurdt de skriuwer neamd as "W.S." Op 'e foarside fan in twadde útjefte, út 1613, troch Thomas Snodham, wurdt op 'e nij oanjûn dat "W.S." de skriuwer is, al binne de Lord Chamerlain's Men no de King's Men wurden (dat is itselde teäterselskip; de nammeferoaring fûn plak yn 1603).
"W.S." waard foar it earst identifisearre mei de wiidferneamde toanielskriuwer William Shakespeare, doe't útjouwer Philip Chetwinde Hear Thomas Cromwell yn 1664 tafoege oan 'e twadde printinge fan syn saneamde Third Folio fan Shakespeare syn wurk. Sadwaande wurdt dit stik ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene, al wize moderne saakkundigen de taskriuwing oan Shakespeare frij algemien fan 'e hân. Men spekulearret dat "W.S." ynstee foar Wentworth Smith of William Sly stien hawwe koe. Ek Thomas Heywood en Michael Drayton binne wol neamd as mooglike skriuwer, mar dy suggestjes ûntbrekt it oan ûnderbouwing.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|