Julius Caesar (toanielstik)

Julius Caesar, nei it Ingelske stik mei deselde namme (folút: The Tragedy of Julius Caesar; De Trageedzje fan Julius Caesar), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in trageedzje dy't nei gedachten skreaun is yn 1599, en ferhellet fan 'e histoaryske foarfallen oangeande de gearspanning út it jier 44 f.Kr. tsjin 'e Romeinske diktator Julius Caesar, útrinnend op dy syn moard en de nederlaach fan 'e gearspanners yn 'e Slach by Filippy, yn wat no Grikelân is, yn 42 f.Kr. De earste Fryske oersetting fan Julius Caesar, fan Teatse Eeltsje Holtrop, kaam út yn 1928.

Julius Caesar
algemiene gegevens
oarspr. titel Julius Caesar
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1599
1e publikaasje 1623, Londen
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Julius Caesar
publikaasje 1928, Snits
útjouwer Brandenburgh & Co.
oersetter Teatse Eeltsje Holtrop

Julius Caesar waard foar it earst opfierd yn 1599 en wie nei alle gedachten it stik dêr't it nije Globe Theatre mei ynhuldige waard troch Shakespeare syn toanielselskip. De earste gesachhawwende tekst fan it stik datearret lykwols pas út 1623, doe't it útjûn waard as ûnderdiel fan 'e saneamde First Folio. As wichtichste boarne foar de histoaryske kontekst brûkte Shakespeare wierskynlik Thomas North syn yn 1579 ferskynde Ingelske oersetting fan 'e Lykopgeande Libbens fan Plutarchus, út 'e earste iuw; dat is in rige biografyen fan ferneamde Griken en Romeinen wa har morele deugden oft de skriuwer priizge.

Julius Caesar is de earste fan 'e fiif grutte trageedzjes fan Shakespeare (de oaren binne Hamlet, Otello, King Lear en Macbeth). De measte Shakespeare-kritisy en -histoarisy binne it deroer iens dat it stik in wjerbyld is fan 'e algemiene ûnrêst dy't Ingelân doedestiden yn syn greep hold oangeande de troanopfolging fan 'e bejierre mar bernleaze keninginne Elizabet I. Hoewol't de titel fan it stik nei Julius Caesar ferwiist, ferskynt dy yn mar trije sênes ek echt op it toaniel; de wiere haadrol is weilein foar syn freon en moardner Brutus. Shakespeare makket fan 'e ynbannige Brutus in tragyske held dy't wrakselet mei de tsjinstridige easken fan eare, patriottisme en freonskip.

Markus Brutus is in goede freon fan Julius Caesar, mar dêrnjonken ek in Romeinsk praetor. Hy rekket tsjin wil en tank behelle yn in gearspanning fan in espel senators dat benaud is dat Caesar fan Rome in monargy ûnder syn eigen bewâld meitsje wol, in eangstme dy't harren ynflústere is troch de ambisjeuze Kassius. In wiersister warskôget Caesar, mar hy slacht har wurden yn 'e wyn en wurdt dêrop fermoarde troch de gearspanners, dy't him elkmis in stekwûne tabringe, in symboalyske die, sadat se allegear yn 'e moard diele. Brutus, dy't oan 'e ein ta wifket, is de lêste om ta te stekken, wêrop't Caesar de ferneamde wurden "Do ek, Brutus?" útbringt.

 
De moard op Julius Caesar, skildere troch Michele Cammarano (17711844).

Neitiid meitsje de gearspanners dúdlik dat se inkeld foar Rome hannele hawwe, en net foar eigen gewin. Sadwaande besykje se ek net te flechtsjen. Brutus jout in taspraak om 'e dieden fan himsels en syn maten te ferdigenjen, en liket dêrmei it omsteand laach op syn hân te krijen. Mar dan sprekt Markus Antonius, oerskrank oer it lyk fan Caesar steand. Hy makket de mannichte oerémis mei in emosjoneel betooch, einigjend mei syn oprop om 'e gearspanners út Rome te ferdriuwen, wat mei in protte geweld dien wurdt.

Nei't ûnderling spul tusken Brutus en Kassius delbêde is, meitsje de gearspanners har op foar oarloch tsjin Markus Antonius en Caesar syn oannommen soan Oktavianus (troch Shakespeare trouwens "Oktavius" neamd). Dy nachts ferskynt Caesar syn geast oan Brutus mei in warskôging fan 'e kommende nederlaach. Under de slach docht Kassius himsels tekoart as er heart dat syn bêste freon, Titinius, kriichsfinzen nommen is troch de fijân. Nei't Titinius, dy't hielendal net kriichsfinzen nommen wie, Kassius syn lyk sjocht, slacht ek hy de hân oan himsels. Lykwols, Brutus wint dy deis de striid, mar it is gjin bestindige oerwinning. De oare deis giet er mei in swier moed de slach op 'e nij oan, mar ferliest en lit himsels op syn swurd falle.

It stik einiget mei de priizging fan Brutus troch Markus Antonius, dy't ferkundiget dat Brutus de nommelste aller Romeinen wie om't er it iennichste lid fan 'e gearspanning wie dat echt út goederbêst hannele. Dêrop is der in beskate wriuwing tusken Markus Antonius en Oktavianus te fernimmen, dy't foarútwiist nei in oare Romeinske trageedzje fan Shakespeare, Antonius and Kleopatra.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De earste Fryske oersetting fan Julius Caesar ferskynde yn 1928 ûnder deselde titel, en wie is fan 'e hân fan Teatse Eeltsje Holtrop. De fertaling waard útjûn by útjouwerij Brandenburgh & Co. te Snits, as nûmer 12 yn 'e rige De Fryske Bibleteek. Letter makke de Fryske oersetting fan Julius Caesar fan Douwe Kalma diel út fan Shakespeare's Wurk Dl. VI, ien fan 'e omnibusútjeften fan 'e Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, dy't yn 1966 ferskynde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Julius Caesar, Snits, 1928 (Brandenburgh & Co.), gjin ISBN-nûmer.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VI: Trageedzjes: Titus Andronicus, Romeo en Julia, Julius Caesar, Troilus en Cressida, Hamlet, Drachten, 1966 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN-nûmer.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater