Perikles, Prins fan Tyrus

Perikles, Prins fan Tyrus, yn it oarspronklike Ingelsk: Pericles, Prince of Tyre, is in Ingelsk toanielstik út it begjin fan 'e santjinde iuw, dat alteast foar in part skreaun is troch de wiidferneamde skriuwer en dichter William Shakespeare. It fertelt it ferhaal fan Perikles, de regearjende prins fan 'e Fenisyske stêdsteat Tyrus, dy't leafde fynt en wer ferliest, mar dy úteinlik weromfynt. Moderne saakkundigen binne it deroer iens dat Shakespeare hast persiis de helte fan it stik skreaun hawwe moat (827 regels), wylst de earste beide akten (835 regels) it wurk binne fan in toanielskriuwer fan midsmjittich talint, wêrby't it beskikbere bewiismateriaal sterk yn 'e rjochting wiist fan 'e libbensmiddelsleveransier, sutelder en pamfletteskriuwer George Wilkins.

Perikles, Prins fan Tyrus
algemiene gegevens
oarspr. titel Pericles, Prince of Tyre
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 1607 of 1608
1e publikaasje 1609, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Pericles, Prins fan Tyrus
publikaasje 1976, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Perikles, Prins fan Tyrus is in komeedzje mei absurde ûntwikkelings yn 'e plot, dy't skreaun wêze moat yn 1607 of 1608. It stik waard foar de earste en iennichste kear publisearre (moderne útjeften bûten beskôging litten, fansels) yn 1609. Yn 'e mande mei De Twa Aadlike Neven en de beide ferlern giene stikken Kardenio en Leafde's Lêst Al Leanne wie Perikles ien fan 'e mar in pear akseptearre toanielstikken fan Shakepeare dy't ûntbrieken yn 'e gesachhawwende First Folio, út 1623, dêr't it wurk fan 'e grutte toanielskriuwer safolle mooglik yn samle waard. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.

It stik iepenet yn Antiochië, dêr't Perikles, de regearjende prins fan Tyrus, arrivearre is om nei de hân fan 'e tsjeppe dochter fan 'e pleatslike kening te tingjen. Antiochus, de kening fan Antiochië, lit lykwols bekendmeitsje dat wa't in beskaat riedling oplosse kin, mei syn dochter trouwe mei. Mar wa't om har stiket en it riedling net oplosse kin, sil ta de dea brocht wurde. Perikles makket út it riedling daliks op dat Antiochus in ynsestueuze relaasje mei syn dochter ûnderhâldt, en om't er beseft dat it likegoed syn dea wurde sil as er blike lit dat er it riedling oplost hat, freget er om fjirtich dagen betinktiid, sabeare om oer in oplossing nei te prakkesearjen. Antiochus stimt dêryn ta, mar stjoert Perikles neitiid daliks in hiermoardner op 'e hûd. Perikles hat lykwols al fan ruten spile en de stêd ferlitten.

Hy keart werom nei Tyrus, dêr't er syn freon en fertrouling Helicanus fertelt oer wat der bard is. Helicanus riedt him om út Tyrus wei te gean, mei't Antiochus syn hiermoardners him grif hjirhinne folgje sille. Dat Perikles beneamd Helicanus ta regint oer Tyrus en set sels wer ôf. Hy reizget oersee nei Tarsus ta, dêr't in hongersneed blykt te hearskjen. Perikles betinkt him gjin momint, mar jout daliks de itensfoarrieden dy't er by him hat oan Cleon, de gûverneur fan 'e stêd. Dêrmei wurdt de need ferlichte, en nei't er wiidweidich betanke is troch Cleon en dy syn frou Dionyza, reizget Perikles fierder.

Yn in stoarm lijt Perikles skipbrek, en hy spielt oan op 'e kust fan 'e Pentapolis (Syrenaika). Dêr wurdt er rêden troch in espel earme fiskerslju, dy't him fertelle dat Simonides, de kening fan 'e Pentapolis, de oare deis in toernoai hâlde sil, oan 'e winner wêrfan't er syn dochter Thaisa ta frou jaan sil. Aldergeloks wurdt krekt op dat stuit Perikles syn wapenris op it strân weromfûn, dat de prins beslút om oan it toernoai mei te dwaan. Hoewol't syn harnas wat roastich is, wint er it fan 'e oare dielnimmers en hat er sadwaande it rjocht om mei de kreaze Thaisa te trouwen, dy't daliks fereale op him wurdt. Simonides is earst wat twifelich oer syn oansteande skoansoan, mar Perikles wit him foar him yn te nimmen, en al rillegau fynt it houlik plak.

 
In yllústraasje troch de Tsjechyske keunstskilder Artuš Scheiner.

As der berjocht út Tyrus komt dat it feilich foar him is om werom te kearen, nimt Perikles Thaisa mei en reizget nei hûs ta. Mar op 'e nij stekt der in stoarm op, en Thaisa, dy't op alle dagen rint, rekket fan 'e alteraasje yn 'e weeën en skinkt it libben oan in dochter, dy't Perikles Marina neamt om't se op see berne is. Sels liket Thaisa lykwols te stjerren. De byleauwige seelju wolle dat it lichem fan Thaisa oerboard smiten wurdt om 'e stoarm del te bêdzjen, en Perikles stimt dêr mei tsjinnichheid yn ta. De stoarm bedarret yndie wat, mar om't Perikles bang is dat Marina in lange seereis net oerlibje sil, wurdt der hoholden yn Tarsus. Dêr lit er it famke efter oan 'e soargen fan Cleon en Dionyza, wylst er sels fierder reizget nei Tyrus, om dêr it regear wer op him te nimmen.

De deakiste mei Thaisa deryn spielt ûnderwilens oan by Efeze, dêr't Cerimon, in betûft genêshear, wennet. Dy ûntdekt dat Thaisa dochs net dea is, en bringt har wer by. Mei't hja mient dat Perikles en har poppe yn 'e stoarm omkommen binne, wurdt Thaisa dêrnei in preesteresse yn 'e Efezyske timpel fan Diana.

As Marina opgroeit, docht bliken dat hja kreazer is as Philoten, de dochter fan Cleon en Dionyza, wat foar Dionyza oanlieding is om risselwaasjes te meitsjen en fermoardzje it fanke. Har plannen wurde lykwols feridele as Marina ûntfierd wurdt troch seerôvers, dy't har ferkeapje oan in bordeel yn Mytilene, op it eilân Lesbos. Marina wit dêr har fammesteat te behâlden troch alle klanten dy't mei har op bêd wolle, te bepraten en ta ynkear te bringen. Mei't se bang binne om gjin klanten mear oer te hâlden, beslute de útbaters fan it bordeel om har dan mar te ferhieren as priveeleararesse foar jongedames fan respektabel komôf. Se wurdt ferneamd om har muzyk en oare stylfolle optredens.

Underwilens keart Perikles werom nei Tarsus om syn dochter op te heljen. As Cleon en Dionyza him wiismeitsje dat it fanke stoarn is, sylt er alhiel ferbûke wer fuort. Syn omswalkings bringe him op in stuit nei Mytilene ta, dêr't de gûverneur, Lysimachus, him besiket op te fleurjen troch Marina út te nûgjen om foar him op te treden. Perikles en it fanke reitsje oan 'e praat en komme der dan efter dat se heit en dochter binne. Dy nachts ferskynt de goadinne Diana yn in dream oan Perikles en hjit him nei har timpel yn Efeze te gean. Hy docht dat en fynt dêr Thaisa werom. It stik einiget as it houlik fan Marina mei Lysimachus oankundige wurdt en der berjocht út Tarsus komt dat Cleon en Dionyza omkommen binne by in folksopstân.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Pericles, Prince of Tyre waard ûnder de titel Pericles, Prins fan Tyrus yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1976 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VIII, yn 'e mande mei de fertalings fan Shakespeare syn poëzij en in pear fan 'e Shakespeariaanske trageedzjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VIII: Coriolanus, Pericles, Cymbeline, Venis en Adonis, De Rôf fan Lucretia, Sonnetten en Fersen, Drachten, 1976 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater