Tatiana Pratley
Tatiana Pratley (Ljouwert, 16 febrewaris 1985) is in Frysk toanielregisseur.[1] Hja krige benammen bekendheid om't se yn 2018 ferantwurdlik wie foar de rezjy fan 'e iepeningsseremoanje fan LF2018 yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa.[1]
Tatiana Pratley | ||
regisseur en/of produsint | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tatiana Pratley | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 febrewaris 1985 | |
berteplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Bretonsk Frânsk Frysk Ingelsk Poalsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | toanielregisseur | |
bekenste produksje(s) |
iepening LF2018 | |
jierren aktyf | ±2005 – no |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeKomôf
bewurkje seksjePratley waard yn 1985 berne yn Ljouwert, mar in jier letter ferhuzen har âlden mei har en har âldere broer Pierre nei Hurdegaryp, dêr't se opgroeide en oant har fyftjinde wenne.[1] Pratley is fan mingd etnysk komôf. Har pake oan heitekant wie in Ingelsman dy't fereale rekke op in boeredochter fan De Feanhoop. Har heit studearre yn Toulouse en krige dêr ferkearing mei in Fransêze. Dat fanke, dat Pratley har mem waard, wie sels de dochter fan in Poalske ymmigrant út 'e omkriten fan Kalisz, dy't yn Frankryk mei in Fransêze troud wie fan wa't de heit in Breton om utens wie dy't him yn Parys nei wenjen set hie.[1]
Oplieding
bewurkje seksjeAs bern woe Pratley rjochter wurde, mar doe't se oan it Steds Gymnasium Ljouwert en de Iepenbiere Skoallemienskip Piter Jelles de middelbere skoalle trochrûn hie, besleat se dat se regisseur wurde woe. Se studearre oan 'e Universiteit fan Grins keunst, kultuer en media. Underwilens folge Pratley ek in kursus yn regisearjen by it Fryske teäterselskip Tryater. Nei't se mei it beheljen fan in mastertitel in ein breide hie oan har stúdzje yn Grins, learde se fierder foar regisseur oan 'e rezjyoplieding fan 'e Amsterdamske Hegeskoalle foar de Keunsten.[1]
Karriêre
bewurkje seksjePratley wurke yn hiele Nederlân nei't se har oplieding ôfrûne hie, û.m. by Toanielgroep Amsterdam, mar út en troch ek by Tryater en de Ljouwerter Jeugdteäterskoalle Miuw. Fierders rjochte se yn 'e mande mei Aukje Schaafsma en Karel Hermans in eigen toanielkollektyf op mei as namme Skoft&Skiep. Pratley wie sadwaande belutsen by foarstellings as Heimwee nei Hurdegaryp; Never Walk Alone; De Meeuw; It Famke en de Twifeler; Work, Work, Work; en Wat Jo Wolle.[1]
Doe't se hearde dat har berteplak Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Jeropa wêze soe, fûn Pratley dat in geweldige kâns. Yn 'e mande mei Ira Judkovskaja, Peter Sijbenga en Ines Sauer betocht se it konsept foar de iepeningsseremoanje. Dêrfoar griepen se werom op it tema fan LF2018, "iepen mienskip", û.m. troch muzykkorpsen en koaren út hiel Fryslân derby te belûken. De seremoanje, dy't plakhie op 27 jannewaris 2018, waard troch Pratley regissearre.[1]
Yn febrewaris 2019 waard bekendmakke dat Pratley yn augustus 2020 Ira Judkovskaja opfolgje sil as artistyk liedster fan it Fryske toanielselskip Tryater.[2]
Priveelibben
bewurkje seksjePratley is al fan har sânde ôf fegetariër. Nei jierrenlang yn Amsterdam wenne te hawwen, kearde se yn it neijier fan 2017 werom nei Fryslân, dêr't se har yn Marsum nei wenjen sette mei har partner, literêr sjoernalist Sebastiaan Kort.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |