In muzykkorps is in pleatslike feriening dy't him taleit op it meitsjen fan hafabra-muzyk (ek wol delbûgend "hoempapa-muzyk" neamd). Sokke organisaasjes kinne ûnderferdield wurde yn harmony-orkesten, fanfares en brassbands. It ferskil leit oan 'e blaasynstruminten dy't troch de leden brûkt wurde: harmony-orkesten meitsje gebrûk fan sawol houtblaasynstruminten as koperblaasynstruminten; fanfares brûke koperblaasynstruminten, oanfolle troch ien inkeld houtblaasynstrumint (de saksofoan); en brassbands hawwe inkeld koperblaasynstruminten. Dêrnjonken omfiemje alle trije farianten ek slachwurk.

Muzykkorpsen ûnderskiede har fierders fan 'gewoane' orkesten trochdat de leden in unifoarm drage, dat foarhinne (en no noch wol) faak yn militêre styl staljûn wie. Dêrmei wurdt it komôf fan muzykkorpsen ferret, dy't nammentlik oarspronklik tebekgeane op militêre kapellen.

In oar skaaimerk fan muzykkorpsen dat weromgiet op it leger is it marsjearjen dat de leden dogge wylst se harren ynstruminten bespylje. Oarspronklik bespilen de leden fan militêre kapellen nammentlik harren ynstruminten wylst se foaroan giene yn 'e marsoarder fan 'e troepen. Harren muzyk wie dan bedoeld as in soarte fan 'arbeidsfitaminen' foar de gewoane soldaten, mar ek as tynge oan it gewoane folk en de fijân dat it leger op kommendeweis wie. De muzyk dy't dêrby spile waard, wie saneamde marsmuzyk.

Tsjintwurdich marsjearje muzykkorpsen faak noch foaroan by optochten, bgl. as ûnderdiel fan doarpsfeesten. Guon muzykkorpsen, dy't har sterk talizze op marsjearjen, dogge wol mei on saneamde taptoes, wedstriden wêrby't de korpsen ûnder it spyljen fan muzyk yn yngewikkelde formaasjes en figueren rinne op in fjild mei tribunes foar taskôgers oan alle kanten.

Muzykkorpsen yn Nederlân binne oansletten by in provinsjale koepelorganisaasje. Yn Fryslân is dat de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân (OFM). De provinsjale organisaasjes binne sels wer by in lanlike koepel oansletten, de Keninklike Nederlânske Muzyk Organisaasje (KNMO).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Reffereanties, op dizze side.